Aad de Mos mist fjoer by sc Hearrenfean: "Het zijn veel zaalvoetballers"

It punt by Willem ll waard fierd as in oerwinning, mar feit is dat sc Hearrenfean noch altyd net út de degradaasjesoargen is. Dat sjocht ek âld-fuotbaltrainer Aad de Mos yn de SportCast.
De Feansters steane seis punten foar op it 16e plak. As je dêr oan de ein fan it seizoen steane, binne je ferplichte om neikompetysje te spyljen. "Ik denk dat ze nog steeds kandidaat zijn om te zakken", seit Aad de Mos oer Hearrenfean. "Plus dat ze geen elftal hebben dat begrijpt dat ze tegen degradatie spelen."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
De Mos wûn as trainer de Europa Cup II mei KV Mechelen. Hy mist fjoer by de ploech fan trainer Ole Tobiasen. "Het zijn allemaal geweldig aardige spelertjes, maar het zijn ook veel zaalvoetballers in dat elftal. Je moet je broek ook zwart willen maken op het veld."
Van Hooijdonk kan niets toevoegen aan dit Heerenveen.
Ald-fuotbaltrainer Aad de Mos
Oer guod ynkeapen fan Hearrenfean yn de winterske transferperioade is De Mos ek al net te sprekken. "Van Hooijdonk kan niets toevoegen aan dit Heerenveen. Haye was een goede speler bij NAC, maar dat is eerste divisie", seit de analist. Hy sjocht Anthony Musaba graach yn de basis.

Lêste wedstriid Stevens?

Hearrenfean helle dit wykein noch in punt, mar dat jildt net foar SC Cambuur op besite by FC Twente. Sportferslachjouwer Geert van Tuinen seach in Cambuur dat hy net weromkoe: "Der siet gjin aksje, snelheid en flair yn."
Grutte soargen wiene der nei ôfrin oer de blessuere fan keeper Sonny Stevens. Sportferslachjouwer Andor Faber seit sels dat it wol ris wêze kin dat Stevens syn lêste wedstriid foar Cambuur spile hat. "Stel dat de blessuere tsjinfalt. De earedivyzje duorret noch twa moannen en hy hat in ôfrinnend kontrakt. Beide partijen prate mei-inoar, mar se binne der noch net út."