Slachtoffer stekpartij Ljouwert wie Amerikaanske studinte, fertochte sit fêst

It slachtoffer fan de deadlike stekpartij yn de nacht fan sneon op snein yn Ljouwert is in 21-jierrige studinte út de Feriene Steaten. De frou studearre oan NHL Stenden yn Ljouwert. Der wurdt in ynformaasjegearkomste organisearre.
Der is mear dúdlik wurden oer de stekpartij:
Ek kinne sy in berop dwaan op Slachtofferhulp. Foar de dea fan de studinte is in kondeolânseregister iepene. Sy studearre International Leisure, Tourism & Events Management oan de hegeskoalle.

Fertochte yn Dútslân

De plysje hat in 27-jierrige man út Leek oanholden op fertinking fan belutsenheid by de dea fan de studinte. De man is sneintemoarn om 05.00 oere hinne yn de omkriten fan Leer oanholden troch de Dútske plysje en sit dêr no ek fêst. Nederlân sil om útlevering freegje en wol de man ûnderfreegje.
De fertochte wie de grins oerstutsen mei in auto, doe't dat bekend wie hawwe Nederlânske plysjeminsken de Dútske kollega's ynskeakele. Dat wie sa'n oardel oere nei't de frou oantroffen waard yn it hûs.
© Kappers Media
De stekpartij barde oan de Twibaksmerk yn in wenning yn Ljouwert. Der rekken ek twa Ljouwerters fan 25 en 30 jier ferwûne, fan wa't de 25-jierrige man der min oan ta is.
De plysje docht ûndersyk nei de stekpartij en yn en om it hûs wurdt forinsysk ûndersyk dien. Ek is in buertûndersyk opset en wurdt mei de slachtoffers praat.