Wapendropping De Deelen aktueler as ea: "Nea wer oarloch"
In kuierrûte fan 22 kilometer mei ferskate 'beleefmomenten' moat it ferhaal fan de wapendropping yn De Deelen yn 1945 fertelle. Dy Wapendropping Beleeftocht giet nei twa jier útstel fanwegen corona troch.
De tocht rint fan de droppingslokaasje yn De Deelen nei Wurdum ta.
Wapenkonteners
Yn de nacht fan 5 op 6 jannewaris 1945 waarden 15 konteners mei wapenark dropt by De Deelen. Minsken fan it ferset fongen de wapens op en sutelen se út ûnder de leden. Hessel Bouma skreau der in boek oer. Hy is no ien fan de minsken efter de organisaasje fan de beleeftocht.
Op 15 plakken by de rûte del wurdt troch akteurs sjen litten hoe't it der yn 1945 oan ta gie, sa fertelt Bouma. "De wapens wurde bygelyks út de kontener wei helle, dan rinne se mei de jutesekken oer de polderdyk. Yn de heafeart lizze trije boatsjes klear en dêr wurde de wapens ynbrocht. Sa is it yn de oarloch ek echt bard."
Troch corona koe de kuiertocht twa kear net trochgean. En hoewol't der troch de oarloch yn Oekraïne ferskate betinkingen net trochgeane, fynt Bouma it just wichtich dat de kuiertocht dit jier wol trochgiet.
Hy seit: "Wy fertelle dit ferhaal om de minsken dúdlik te meitsjen dat oarloch wat ferskrikliks is. Oft dat no hjir yn de jierren 40 wie, of no tsjinwurdich yn Oekraïne. Wy wolle nea wer oarloch, en mei de beleefmominten wolle wy sizze: tink derom."
Ferrustke konteners
De konteners en de wapens dy't deryn sieten, steane sintraal by de kuiertocht. Mar om't de âlden ferrustke wiene, moasten der nije komme.
"De wapenkonteners moasten krekt neitiid fuortmakke wurde, want dy Dútsers mochten it fansels net sjen. Dêrtroch binne se allegearre yn it wetter telâne kommen. Mar nei de oarloch, doe't se derút helle binne, wiene se fierhinne ferrustke. Fandêr dat wy seinen tsjin de studinten fan it Friesland College op It Hearrenfean: kinne jim dy neimeitsje?"
Dat is slagge en yntusken ha de konteners ek wer harren orizjinele swarte kleur krigen. Moandeitemoarn binne se ôflevere by it oarlochsmuseum yn Aldeboarn. Dat barde spesjaal troch in Amerikaanske legerjeep út de Twadde Wrâldoarloch mei sjauffeur yn unifoarm.
Der kinne 4.000 minsken mei de tocht mei-kuierje. Der binne noch sa'n 800 plakken beskikber. Foar de minsken dy't 22 kilometer te fier fine, binne der ek koartere rûten fan fiif en acht kilometer makke, jout de organisaasje oan.