Learlingen fan Simon Vestdijkskoalle drok yn it spier foar Giro555

Dizze moandei is útroppen ta lanlike aksjedei om fia Giro555 jild yn te sammeljen foar de slachtoffers fan de oarloch yn Oekraïne. Oan it begjin fan de dei wie al goed 21 miljoen euro binnen. Ek yn Fryslân binne ferskate aksjes.
© Giro 555
Op skoalmienskip Simon Vestdijk yn Harns en Frjentsjer begjinnne se hjoed mei de aksje. "Freed is in mail nei alle learlingen, âlden en kollega's stjoerd mei de oprop om mei ideeën te kommen om safolle mooglik jild yn te sammeljen foar Giro555", fertelt teamlieder Geu Luik.

Hiele wike aksje

"De opbringst fan de skoalkantine fan hjoed sille we donearje. Oare aksjes dy't betocht binne, binne in aksje om flessen mei staasjejild te sammeljen, guon wolle in sponsorloop organisearje, oaren wolle tostys en minypizza's bakke en ferkeapje. Dit is wat yn dit wykein al betocht is, mar der komt grif noch mear by. Hjoed is de ôftraap, we fiere de hiele aksje wike."
Geu Luik
Neffens Luik libbet it nijs bot by de learlingen. "Yn de lessen besteegje dosinten der ek oandacht oan."
Lanlike aksje
Op tsien radiostjoerders is sûnt 6.00 oere de aksjedei Giro555 begûn. Harkers kinne in nûmer oanfreegje yn ruil foar in donaasje. Op telefyzje is om 20.30 oere op NPO1, RTL4 en SBS it programma 'Samen in actie voor Oekraïne' te sjen. Ek de trettjin regionale omroppen stypje de útstjoering.