Gjin lânskampioenskip foar UNIS Flyers: Hijs Hokij sit de ploech wer dwers

De UNIS Flyers gripe njonken de lânstitel. De iishockeyers fan It Hearrenfean ferlearen de wedstriid om it kampioenskip mei 4-3 fan Hijs Hokij. Dy ploech ferhindere ôfrûne wike ek al dat de Flyers de beker pakten.
© Master Muller Media
It begjin fan de UNIS Flyers wie tige min. Al nei 29 sekonden stie Hijs Hokij op foarsprong. Jasper Kick wie de doelpuntemakker.

Flyers draaie it om

De UNIS Flyers kamen dêrnei better yn de wedstriid. Nei in powerplaysituaasje folge yn de trettjinde minút de fertsjinne lykmakker fia Jasper Nordemann: 1-1. Krekt foar de ein fan de earste perioade waard it ek noch 2-1. Kevin Nijland benutte in rebound.

Spektakulêre twadde perioade

Yn de twadde perioade joegen de Flyers de foarsprong út hannen. Binnen 30 sekonden waard it fan 2-1 2-3. It antwurd kaam fan Trevor Hunt. Mei in hurd ôfstânsskot sette hy de lykmakker op it skoareboerd.
Yn minút 39 waard it fia Ronald Wurm dochs wer 4-3. De Flyers moasten dus yn de efterfolging yn de tredde perioade, mar it slagge net mear om in doelpunt te meitsjen. Hijs Hokij is dêrmei lânskampioen.
Ofrûne wike ferlearen de Flyers ek al de bekerfinale fan de ploech út Den Haag. Doe waard it 3-2.