Hanna van der Werff (SAM Waadhoeke): "Gemeenten moeten meer sturen met geld in het Sociaal Domein"
In grut part fan de gemeentlike útjeften wurde dien yn it Sociaal Domein. Yn de praktyk wurdt der kwealik yn de rieden praat oer de bestimming fan dizze grutte bedraggen, fernimt Hanna van der Werff, listlûker fan SAM Waashoeke.
It giet dan om de kosten foar de WMO lykas húshâldlike help en foarsjenningen, mar benammen ek de Jeugdsoarch. Dizze taken binne earder troch it Ryk oerhevele nei de gemeenten, om't dy tichter by de minsken stean dy't it nedich ha.
Yn de praktyk wurdt der kwealik yn de rieden praat oer de bestimming fan dizze grutte bedraggen, seit Hanna van der Werff fan SAM Waadhoeke. Se wurket yn it deistich libben as psycholooch by GGZ-Fryslân. Se die har útspraken snein yn it nijsfoarum fan it radioprogramma Buro de Vries.
"Gemeenten doen zichzelf tekort door het geld dat ze hiervoor krijgen alleen maar door te storten naar Sociaal Domein Friesland", seit Van der Werff. "Het voelt misschien alsof je er zelf weinig over hebt te zeggen als raad, maar dat is niet zo. In Waadhoeke zijn we er bijvoorbeeld in geslaagd om lokaal initiatieven te nemen en een deel van het geld preventief in te zetten. Juist om later hoge rekeningen te voorkomen. Dan kan de invloed van de gemeente dus best groot zijn en pak je de ruimte om iets te doen."
Einstein-klaske
As foarbyld neamt Van der Werff it saneamde Einstein-klaske, in kombinaasje fan soarch en ûnderwiis. "Daarmee voorkomen we dat jongeren thuis komen te zitten. Maar mogelijk ook dure uithuisplaatsingen", seit de SAM-listlûker.
Yn in reaksje op de fraach oft de oerheveling nei de gemeenten in goeie saak west hat, sei Van der Werff dat soks foar de spesjalistyske Jeugdsoarch net sa is. Op it gebiet fan previnsje is it wol in goede saak. "Daar ligt ook een mooie kans om zaken te doen in de koppeling met Sport, Cultuur en Inkomen."
De gemeenteriedsferkiezingen binne op woandei 16 maart. Guon stimburo's binne al iepen op moandei 14 en tiisdei 15 maart.