Elmar Reinders wint Visit Friesland Elfstedenrace

Elmar Reinders hat de Visit Friesland Elfstedenrace wûn. Reinders wie yn de sprint flugger as Mick van Dijke.
Elmar Reinders © Orange Pictures
De wedstriid wie in aardich spektakel mei in protte oanfallen. It slagge in kopgroep fan 21 fytsers om foarút te bliuwen. 15 kilometer foar de ein ûntsnapten Mick van Dijke, Timo de Jong en Elmar Reinders út dy groep.
It groepke krige in heale minút. Van Dijke en Reinders rieden fuort by De Jong. Yn de sprint wie Reinders de sterkste. Hartthijs de Vries wie de bêste Fries op plak fiif.
Winner Elmar Reinders
Wiebe Wieling en Douwe Hoogland joegen it startskot © Omrop Fryslân, Sybren Terpstra
It wie foar Fryslân de earste ynternasjonale hurdfytswedstriid foar manlju yn goed tsien jier. De Elfstedenrace is in koers foar de lytse, semyprofesjonele UCI Continentalploegen. Ek de opliedingsteams fan Jumbo-Visma en DSM dienen mei.

Tsjin de klok yn

De wedstriid komt tsjin de klok yn by de alve stêden del. De start wie sneintemoarn om 11.00 oere by it WTC yn Ljouwert en dêrnei gie it peloton nei Dokkum. Yn 'e middei kamen de hurdfytsers by Snits as lêste stêd foar de finish.