Primeur foar darter Danny Noppert: kwartfinale op UK Open

Darter Danny Noppert hat sneontejûn foar it earst yn syn karriêre de kwartfinale fan de UK Open berikt. Yn it Ingelske Minehead wûn de Fries mei leafst 10-2 fan lângenoat Dirk van Duijvenbode.
Danny Noppert © Orange Pictures
Yn de earste pear legs fan de partij wiene beide manlju noch goed oan elkoar weage. Nei it earste skoft ferlear Noppert lykwols gjin inkelde leg mear fan Van Duijvenbode; hy pakte yn totaal njoggen legs op rige. Mei in gemiddelde fan 99 kaam Noppert gjin momint yn 'e problemen.

Snein wurdt it telefyzjetoernoai yn Ingelân útspile. De tsjinstanner fan Noppert yn de kwartfinale is noch net bekend. By de UK Open wurdt nei elke ronde opnij lotte; it wurdt dêrom ek wol de 'FA Cup' fan it darten neamd.