Femke Kok pakt mei Nederlân wrâldtitel op teamsprint

Reedrydster Femke Kok hat mei Jutta Leerdam en Dione Voskamp de wrâldtitel op de teamsprint ferovere. Yn Hamar wienen se Poalen en Noarwegen te rap ôf.
Femke Kok, Jutta Leerdam en Dione Voskamp © ANP
Der dienen mar trije lannen mei oan dit WK teamsprint. Nederlân notearre 1.27,85 en wie dêrmei in stik rapper as de twa oare lannen. Poalen lei yn 1.29,51 beslach op it sulver, it thúslân Noarwegen pakte brûns yn 1.34,92.
"We ha moai gearwurke en it is moai dat it sa einige is", sei Kok nei ôfrin tsjin de NOS. "Ik bin hiel bliid dat it slagge is."
It is de tredde kear dat it WK teamsprint holden wurdt. De foarige twa kear wûn Nederlân ek. Yn 2020 mei Kok, Leerdam en Letitia de Jong. In jier earder mei Letitia de Jong, Leerdam en Janine Smit.

Opskuor om seleksje

Der wie hiel wat te dwaan om de seleksje foar de teamsprint. Bûnscoach Jan Coopmans woe Femke Kok der earst net by ha. Dy snapte net wêrom en spruts har ûnbegryp iepenlik út. Coopmans kaam op syn beslút werom, omdat er op dei 1 fan it WK yn Hamar seach dat Kok "dochs wol goed wie".
De folchoarder fan de riders hearde Kok lykwols net fan de bûnscoach, mar fan ynterviewer Bert Maalderink fan de NOS. Dy fertelde Kok dat sy it lêste rûntsje ride soe.