Yn winkels, loadsen en in kazerne: Fryslân massaal yn aksje foar Oekraïne

Fryslân komt ek dit wykein yn aksje foar Oekraïne. Op ferskate plakken wurdt guod ynsammele: by winkels, yn loadsen, mar ek by brânwachtkazernen.
Der is fan alles nedich en Friezen wolle graach helpe:
Pakken en slangen. Dat leit klear yn de brânwachtkazerne fan Snits. Aksjekoördinator Albert Hoof fan de brânwacht set it buske foar en sjocht oft der noch plak is.
"It is oerweldigjend wat der allegear ynsammele wurdt", seit er. "Ut alle hoeken wei komt guod."
We krigen berjocht dat se dêr yn gewoane klean brannen oan it útmeitsjen binne. Dan is ûnbesteanber.
Albert Hoof
Der is ek grut ferlet fan de beskermjende pakken. Hoof: "We krigen berjocht dat se dêr yn gewoane klean brannen oan it útmeitsjen binne. Dan is ûnbesteanber."
It ynsammele guod wurdt nei in sintraal punt yn IJsselmuiden brocht. Dêrwei giet it nei Roemenië ta. "Dêr wurdt it ophelle troch minsken út Oekraïne. Dat is it feilichst."

Mear frachtweinen nedich

De ynsammelingsaksje rint sa goed dat der mear frachtweinen nedich binne. Hoof: "Net allinnich yn Nederlân, mar troch hiel Europa. Je sjogge in grutte solidariteit."
In aksje yn Grou foar Oekraïne © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Yn Grou stean de doarren fan it Aquaverium iepen. Dêr is Harriet Pool de aksjelieder. "We stean hjir en by de Jumbo. Dat dogge we oant woansdei. We hoopje echt safolle mooglik guod op te heljen."
Der is benammen ferlet fan babyfoeding, seit Pool. "Dêr ha we echt in needgjalp oer krigen út Oekraïne. Dus as minsken wat bringe wolle, is dat in ding dêr't se oan tinke kinne."

Emoasjes en benaudens

Karel Visser komt binnen mei in pear matrassen en in koffer fol klean: "Termysk ûnderguod, in pear jassen en oar guod."
De oarloch yn Oekraïne rekket him: "Je binne der hieltyd mei dwaande. It is ferskriklik foar de minsken dêr. Sa kinne je wat dwaan."
Siemie Dijkstra bringt ûnder oare winterskuon. Se is emosjoneel as se it oerlanget: "It is sa slim wat der bart. Je sjogge it op telefyzje en je kinne neat dwaan. Mar it makket my ek bang. Bang dat it hjir ek komt."

Benefytgearkomste De Harmonie

Snein wurdt der ek wer aksjefierd, bygelyks yn de Ljouwerter stedsskouboarch De Harmonie. Dêr is dan in benefytgearkomste foar Oekraïne. Kultuermakkers út alle hoeken komme yn aksje mei petearen, teäterstikken en in konsert. Publyk bepaalt sels wat se betelje wolle, de opbringst giet nei Giro555.
Sopraan Rosanne van Sandwijk oer wat se dwaan sil yn De Harmonie