Twa wiken nei stoarmnacht earste stikken konteners Marcos V weromfûn

Op Skylge binne hjoed de earste kontenerrestanten fan de Marcos V oan lân brocht. Dat skip ferlear twa wiken lyn 26 konteners op de Noardsee.
It is noch hieltyd net dúdlik wêr't it skip de konteners krekt ferlear. It skip makke sneontemoarn 19 febrewaris melding fan it kontenerferlies. Dat moat bard wêze yn de nacht dat de swiere stoarm Eunice oer it lân luts.
It skip fan 293 meter lang en 40 meter breed fear dy nacht fan Bremerhaven nei Rotterdam.

By Den Helder

Earst waard tocht dat de Marcos V de konteners ferlern hie boppe Flylân, mar it liket derop dat it mear súdlik west hat, lâns de kust fan Noard-Hollân.
Dêr, súdlik fan Den Helder, binne hjoed foar it earst ûnderdielen fan de konteners fûn, seit in wurdfierster fan Rykswettersteat.

Syktocht moast wachtsje

It skip Friendship fan rederij Noordgat hat dat guod burgen en nei Skylge ta brocht. It hat in skoft duorre foardat de bergingsoperaasje úteinsette koe, omdat it rûge waar dat net taliet yn de earste dagen nei't de konteners oerboard sloegen.