Antoinette de Jong slút earste dei WK allround ôf op tredde plak

Antoinette de Jong stiet nei de earste dei fan it WK allround yn Hamar op it tredde plak yn it klassemint. De Rottumse waard fiifde op de 500 meter en twadde op de 3.000 meter.
Antoinette de Jong slút earste dei WK allround ôf op tredde plak
De Jong kaam op de 500 meter ta in tiid fan 38,31. De oerwinning op de koarste ôfstân gie net ferrassend nei de Japanske Miho Takagi.
Irene Schouten sette har goeie foarm fan de Olympyske Spelen ek troch. De trijefâldich olympysk kampioene einige as sânde yn in nij persoanlik rekôr fan 39,24. Dêrmei hat se in oer te brêgjen efterstân fan 5,58 sekonden op de 3.000 meter op Miho Takagi.
De tredde en lêste Nederlânske dielnimster, debutante Merel Conijn, einige op de 500 meter as alfde yn 39,68 en dêrmei is it poadium foar har al fier fuort.

De Jong docht goed mei

Op de 3.000 meter wie Schouten in klasse apart. Har 3.58,00 betsjutte in baanrekôr. Yn it klassemint is Schouten no twadde.
Antoinette de Jong begûn mei in soarte fan alles-of-neattaktyk oan har rit. Uteinlik kaam De Jong dêrmei noch aardich yn de buert fan Schouten. De 4.00,90 fan De Jong wie goed foar it twadde plak op dizze ôfstân. De Rottumse is no tredde yn it klassemint.
Miho Takagi is nei dei 1 fan it WK de listoanfierder.
Antoinette de Jong is tefreden oer har 3.000 meter © ANP

Klassemint nei de earste dei fan it WK allround

500m 3.000m Efterstân op 1.500m
1. Miho Takagi (JAP) 38,31 4.02,73
2. Irene Schouten 39,24 (PR) 3.58,00 (BR) +0,43
3. Antoinette de Jong (NED) 38,81 4.00,90 +0,59
4. Nana Takagi (JAP) 38,71 4.06,31 +2,99
5. Ragne Wiklund (NOO) 39,59 4.01,16 +3,06
7. Merel Conijn (NED) 39,68 4.03,00 +4,01