Kruijer ferrast mei winst yn Alternative Alvestêdetocht: "Kroon op carrière"

Maratonrider Ronald Kruijer út Donkerbroek hat de Alternative Alvestêdetocht yn Sweden wûn. Hy ferraste de grutte favoriten yn de wichtichste wedstriid op natueriis.
Ronald Kruijer komt solo oer de streek © Tims Imaging
De 32-jierrige Kruijer kaam nei 200 kilometer solo oer de streek yn Luleå, dêr't it maratonpeloton dizze wiken sit foar in searje wedstriden.
Nei't er oer de finish kaam, sloech er de hannen foar de eagen. Hy hie yn syn lange karrêre noch nea in wedstriid op it heechste nivo wûn. No wol, en it is fuortendaliks de moaiste.
We hebben er deze week wel grappen over gemaakt, hoe mooi het zou zijn als we dit zouden winnen en dan gebeurt het echt. Bizar.
Ronald Kruijer
"Dit is echt de kroon op mijn carrière", sei er. "Ik kan het nog steeds niet geloven. We hebben er deze week wel grappen over gemaakt, hoe mooi het zou zijn als we dit zouden winnen en dan gebeurt het echt. Bizar."
Ronald Kruijer mei syn priis © Tims Imaging
De omstannichheden yn Laplân wienen foar Sweedske begripen knap. De sinne skynde en de temperatuer wie krekt ûnder it friespunt.
Mats Stoltenborg en Jorjan Jorritsma bepaalden lang it byld fan de koers, nei't se oerbleaun wienen út in flecht fan fiif riders. Se waarden letter dochs noch ynhelle.

Goed útspile

Doe ûntstie der in nije kopgroep, mei trije riders út de maratonploech fan Bouwselect. "Dat overtal hebben we in de finale uitgespeeld", fertelde Kruijer. "Eerst vertrok Ronald Haasjes, daarna Mart Bruggink en vervolgens was ik aan de beurt. Ik had al snel een gat en kon daarna echt wegrijden."
"Ik dacht: dit is mijn moment":

Merel Bosma twadde

By de froulju waard Merel Bosma yn de wedstriid oer 150 kilometer twadde. De ûnferslaanbere Ineke Dedden wie opnij de sterkste. Dedden wûn yn Sweden alle Grand Prix-wedstriden.
Merel Bosma: "Ik wilde deze winnen, daar heb ik jaren voor getraind":
Lang hie Aggie Walsma út Boalsert útsicht op de oerwinning yn de Grand Prix-finale. By har ôfskied ried se oant 50 meter fan de finish noch allinnich oan kop, mar doe waard se ynhelle troch in grutte groep.
De oerwinning yn it einklassemint is logyskerwiis ek foar Dedden. Bosma waard dêryn fjirde.