Gjin ekstra oanlisplakken EVT

De Eigen Veerdienst Terschelling krijt gjin romte foar ekstra ôffearten. Dat is it gefolch fan in útspraak dy't de Ried fan Steat woansdei dien hat. De EVT hat in eigen oanlissteiger mar wol graach gebrûk meitsje fan de oanlisplakken fan Doeksen dy't eigendom binne fan Rykswettersteat. Bygelyks om mei in snelboat tusken it eilân en Harns te farren. De kwestje tusken de gemeente Skylge, de EVT en Rykswettersteat spilet al jierren.