Skiermûntseach: wat spilet yn de lytste gemeente fan Nederlân?

Krekt as op de oare eilannen is it finen fan in wenning in urgint probleem. Op dit stuit is der in list fan mear as hûndert minsken dy't in wenning sykje op Skiermûntseach. Dêrmei is de wenningneed op it eilân ien fan de heechste yn Fryslân.
© Omrop Fryslân
Ut dy gedachte wei hat de gemeenteried op 15 febrewaris fan dit jier besletten om yn har bestimmingsplan in 'útstjerbelied' te hantearjen. Dat betsjut dat wenningen mei in dûbele bestimming yn it doarp, dy 't langer as in jier net mear rekreatyf ferhierd binne, in permaninte bestimming krije.
De koälysjepartijen Samen voor Schiermonnikoog en Skiermonnikoogs Belang stimden foar dit nije belied, wylst opposysjepartij Ons Belang tsjin wie.

Wenten frijmeitsje

Op dizze wize wol it kolleezje en SvS en SB mear wenningen frijmeitsje foar minsken dy't op it eilân wurkje of har dêr permanint fêstigje wolle. Mar dat betsjut no wol dat eigeners kieze moatte: wolle se har wenning foar permaninte of rekreative doelen brûke.
Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen ljochtet Omrop Fryslân alle dagen in gemeente út. Wat spilet yn dêr en wat falt op? Sjoch op Omropfryslan.nl/GR22 foar mear nijs oer de ferkiezingen.
De eigeners fan de 80 wenningen dy't it oanbelanget, hawwe harren tige kritysk útlitten oer it nije belied. Ien fan de eigeners, Kris Bulder, joech yn in riedsgearkomste oan dat se har as eigeners fuortset fiele as 'inpikkers en uitmelkers van huisjes.'

Eigeners fiele harren 'fuortset'

Eigeners fiele har ûnder oare dupearre omdat in feroaring yn permaninte bestimming betsjut dat de wearde fan harren wenning bot sakje sil. En dat wylst der grutte twivel is oer de effektiviteit fan dizze maatregel.

Dwersferkeard belied

Kris Bulder syn famylje hat sûnt 1972 in hûs op Skiermûntseach en hy hat it sels no as in rekreaasjewenning yn besit. Hy wiist der op dat it belied dwersferkeard wurkje soe. Der soene no al ferskate eigeners wêze dy 't oanjûn hawwe dat se in oar hûs keapje sille mei in permaninte bestimming.
Op dy wize soe der fan de beëage wenromte foar de eilanners net folle terjochte komme.
Ek is neffens Bulder 93 persint fan de list fan mear as hûndert wenningsykjenden op syk nei lytse hierwenten. Dêr falle de rekreaasjewenten dy't eventueel frij komme soene hielendal net ûnder. "Die zijn onbetaalbaar voor die doelgroep. Op die manier heb je het maatschappelijk belang niet gediend en het privébelang geschaad", konkludearret Bulder.
Fanwege de neffens him minne juridyske ûnderbouwing sille de tsientallen eigeners nei de Ried fan Steat gean. Sy hoopje dat op dy wize it beslút mei weromwurkjende krêft wizige wurde kin. It is dan ek in krúsjale stap. Bulder is benaud dat de keazen beliedsline mooglik it paad sljochtet nei ûnteigening yn de takomst.

Histoarysk probleem

Uteinlik komt it ek del op in histoarysk probleem. Dêr't de eigeners wize op it feit dat dit in beliedswiziging is (earder ferliende rjochten wurde no weromdraaid, fine sy) sjogge it kolleezje en de mearderheid fan de ried de maatregel as in fuortsetting fan earder belied. Dat belied is der op rjochte om wenningen dy't bedoeld binne foar permaninte bewenning dêr ek foar te brûken.
Riedslid Bart Pastoor fan Samen voor Schiermonnikoog fynt dat minsken dy't op it eilân wenje wol de konsekwinsjes dêrfoar drage moatte. "We willen hiermee de leefbaarheid verhogen en het mogelijk maken dat jonge gezinnen op het eiland kunnen wonen."
Benijd mei hokker partij jo stânpunten oerien komme? Klik hjir foar de stimwiizer.
Oer de effektiviteit fan it belied seit Pastoor: we zijn tevreden als er van die 80 woningen, 5 à 10 woningen vrijkomen. Dat gebeurt niet meteen, maar op de langere termijn, wanneer eigenaren komen te overlijden, zullen er woningen vrijkomen.'
De dokumintêre fan Pointer fan ôfrûne jannewaris 'Spookdorpen vol vakantiewoningen' makke dan ek in soad yndruk op it eilân, sa jout er oan.
Foar dit skrikbyld wolle se graach in stokje stekke. "We willen graag dat er wat gebeurt en alle beetjes helpen." Oft de beëage wenten ek betelber wêze sille, dat sil neffens Pastoor 'noch utwize moatte'.
© Omrop Fryslân
Gemeente Skiermûntseach makket al jierren furoare as lytste gemeente fan Nederlân. It eilân telt goed 900 ynwenners. De ried is dêrom ek mar lyts: der is romte foar njoggen riedsleden. Dochs koesteret de gemeente syn autonome posysje. Troch lytsskaligens is der in direkte line tusken de gemeentepolityk en de bewenners fan it eilân.
De troch it kolleezje winske rûnwei, kaam der úteinlik net neidat bliken die dat der ûnder de befolking net folle draachflak wie. Under oare waarden 474 hantekeningen ophelle.

Trije partijen op it eilân, mearderheid ried frou

Yn de gemeente binne trije partijen aktyf: Samen voor Schiermonnikoog (4 sitten), Ons Belang (3 sitten) en Skiermûntseagersk Belang (2 sitten ). Ofrûne fjouwer jier sieten SvS en SB yn koälysje en Ons Belang yn de opposysje.
Opfallend is dat it krekt as yn Flylân allinnich de lokale partijen binne dy't de tsjinst útmeitsje. Njonken de lokale partijen, meitsje ek de froulju de tsjinst út yn de ried. De mearderheid fan de riedsleden is frou.