De froulju fan sc Hearrenfean winne mei oermacht fan Excelsior

It frouljusteam fan sc Hearrenfean wist freed mei oermacht te winnen fan Excelsior út Rotterdam. Al hie de tsjinpartij wol mear balbesit, de Feanster spylsters wûnen mei 3-0.
Chimera Ripa © Orange Pictures
Nei in goed kertier yn de wedstriid folge it earste skot op doel, by de Rotterdamske kant wei. De bal wie lykwols net skerp genôch en fleach by it sydnet del.

Foarsprong

It duorre noch gjin fiif minuten of de froulju fan sc Hearrenfean krigen in kâns. En dy pakten sy: de doelfrou fan Excelsior makke in flater en Chimera Ripa wist fluch de 1-0 te meitsjen. Mei dy foarsprong giene de froulju ek it skoft yn.
Dana Philippo © Orange Pictures
Mei de twadde helte waard der wiksele: Nina Nijstad makke romte foar Hanna Huizenga. Ek yn it twadde part siet it mei foar de Feanster froulju, want Elze Huls wist fan in grutte ôfstân in goal te meitsjen.

Debutanten

Coach Roeland ten Berge wiksele Nayomi Buikema foar Jet van Beijeren. Ek Chimera Ripa waard fan it fjild helle. Foar har kaam Iris Teijema yn it plak, dy't har debút makke. Fuortendaalks nei't sy it fjild op kaam waard sy omfier rûn. sc Hearrenfean krige dêrom in penalty tawiisd, dy't Eef Kerkhof kreas binnen sjit. Dêrmei stie it 3-0.
It bleau net by ien debút, want ek Sanne de Goede mocht foar it earst meispylje. Dêrfoar waard Elize van Wilsteren wiksele, krekt foar de ein fan de wedstriid. Net lang dêrnei klonk it fluitsinjaal en wie de 3-0 fersulvere. It is foar it earst sûnt 5 novimber dat de froulju wer yn kompetysje winne.
Opstelling sc Hearrenfean: Van Vilsteren, Huls, Bormans, Philippo, Foederer, Van der Veen, Nijstad, Ripa, Kerkhof, Buikema, Van der Wal
Opstelling Excelsior: Ridder, Noordermer, Rijks, Versluis, Ellouzi, Piqué, Van Bokhoven, Van Vliet, Geenen, Kleine, Aurélio