Oerlis Veiligheidsregio en gemeenten oer opfang flechtlingen: "Dit gaat ons lukken"

Foarsitter Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân hat freedtemiddei oerlis hân mei alle Fryske boargemasters oer it opfangen fan Oekraynske flechtlingen. Sy sette mei-inoar in krisisorganisaasje op.
Foarsitter Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân © Omrop Fryslan
It kabinet hat Fryslân as ien fan de 25 Veiligheidsregio's yn Nederlân frege om 2.000 Oekraynske flechtlingen op te fangen. "Het is logisch dat het verdeeld wordt en ook logisch dat de Veiligheidsregio's daar een rol in spelen", seit Buma.
De krisis is sa grut dat der wol opfang fûn wurde moat, fynt hy. "Wij zijn er als burgemeesters in Fryslân van overtuigd dat dit ons ook gaat lukken." Al freget it wol in soad fan de mienskip, tinkt Buma.

Ynventarisaasje

Der binne neffens Buma al ferskate lokaasjes ta beskikking steld. "De vraag is vooral hoe we het organiseren. Ook omdat we niet weten wanneer en hoe men binnen zal komen. Zal dat centraal zijn of niet? Maar als je ziet hoe vreselijk de situatie in Oekraïne escaleert, moeten we ervanuit gaan dat veel mensen naar Nederland zullen komen. En dat dus ook Fryslân meehelpt met de opvang."
Foarsitter Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân
Buma jout oan dat der in ynventarisaasje komme moat fan opfangmooglikheden en in byld komme moat fan de minsken dy't hjir hinne komme op hokfoar termyn.

Gruttere lokaasjes

It sil net ien grutte lokaasje wurde lykas it WTC yn Ljouwert, dat no foar asylsikers brûkt wurdt. Sporthallen binne neffens Buma ek net geskikt, om't dy eins allinne brûkber binne foar de koarte termyn.
Hoewol't der genôch lytse opfangoanbiedingen binne, sil it neffens Buma foaral om grutte opfanglokaasjes gean. "Er zijn natuurlijk mensen die het individueel aanbieden, maar dat is uiteindelijk niet voldoende als we heel vele mensen hier naartoe gaan krijgen."