Riemer van der Velde oer syn klup: "Ik meitsje my bot soargen"

"Ik tink dat eltsenien him soargen makket", seit earefoarsitter Riemer van der Velde oer de situaasje by sc Hearrenfean. "Wy hawwe noch tsien wedstriden te gean en it sjocht der net bêst út."
Degradaasjestress by sc Hearrenfean:
It is koade read by sc Hearrenfean. De degradaasjestress nimt hieltyd gruttere foarmen oan en dus binne neffens Van der Velde de wiken fan de wierheid oanbrutsen.
Riemer van der Velde:
Van der Velde is dúdlik: "Ik soe mei eltsenien mei in bytsje ferstân fan fuotbal binnen en rûnom de klup byinoar sitte en it petear oan gean. Dan moatte je ta in konklúzje komme en je dêr strang oan hâlde. It is dreech, mar net ûnmooglik."