Lonneke Uneken wint Bloeizone Fryslân-etappe: "We wilden voor de overwinning rijden"

Lonneke Uneken fan Team SD Worx is de winner wurden fan de etappe tusken Eastermar en Bakkefean yn de Bloeizone Fryslân Tour. It rôze bliuwt yn hannen fan Ellen van Dijk fan Trek-Segafredo, sy is wer klassemintslieder.
Lonneke Uneken © Orange Pictures
It wie de twadde dei yn de hurdfytstour. Uneken einige op 3:32:17. As nûmer twa en trije einigen Chloe Hosking en Alice Barnes. Op it fjirde plak stie wer in Nederlanner, Maike van der Duin.
Neffens Uneken wie it lêste ein gaoatysk. "We hebben ons niet gericht op de tussensprints, we wilden voor de overwinning rijden."

"Ons eigen plan trekken"

Uneken is har team tankber. "Dit doe je niet alleen. Helena zette mij af, voor mij was het alleen maar: vol gas naar de meet." Der wie konkurrinsje: "Er zijn hier rappe meiden, maar we weten wie we in de gaten moeten houden. We moeten ons eigen plan trekken.'
Lonneke Uneken
Eintsjebeslút wie de etappe foarspelber: it waard in massasprint. De hoop wie noch op waaiers of in kopgroep, mar mei de hoemannichte beammen om Bakkefean hinne siet dat der net yn.