Ellen van Dijk wint earste etappe hurdfytswedstriid Bloeizone Fryslân Tour

Ellen van Dijk fan Trek-Segafredo hat de prolooch fan de Bloeizone Fryslân Tour op har namme skreaun. Van Dijk wie yn 2021 de winner fan it einklassemint fan de wedstriid dy't doe noch bekend stie as de Healthy Ageing Tour.
Ellen van Dijk © Orange Pictures
De earste etappe wie in tiidrit fan 14,4 kilometer mei start en finish yn Surhústerfean. Van Dijk kaam ta in tiid fan 18:34. Dat wie flugger as de nûmer twa Riejanne Markus (18:41). De Switserske Marlen Reusser wie tredde yn 18:59.

Steigenga njoggende

De Friezinne Nicole Steigenga (19:37) waard kreas njoggende. Aafke Soet kaam ta in tiid fan 20:13 en wie dêrmei 31ste. Anneke Dijkstra einige op plak 35 yn in tiid fan 20:18.
Freed is de twadde etappe fan de Bloeizone Fryslân Tour. Dy giet fan Eastermar nei Bakkefean.