Noardeast-Fryslân: Komt Holwert oan See mei help gemeente fan de grûn?

De measte partijen yn Noardeast-Fryslân wolle net mear as 5 miljoen útjaan oan it projekt Holwert oan See. Komt it der dan wol? En hoe moat it Hurddraverspark yn Dokkum no krekt ynfolle wurde?
© Omrop Fryslân
In miljoeneprojekt moat derfoar soargje dat it doarp Holwert wer oan de see te lizzen komt. Dat betochten in tal bewenners fan it doarp yn 2012. Se wolle sa meardere problemen yn ien klap oplosse. It moat ûnder oare soargje foar toerisme en wurkgelegenheid wêrtroch't de krimp yn de regio ôfnimme sil.
In protte jild foar de begrutting is al binnenhelle. Ferskate partijen wolle deryn ynvestearje. De gemeente hat ek 5 miljoen reservearre foar it projekt. Mar yn oktober 2021 ferskynde in rapport dat de helberens fan it projekt yn twivel luts.
Sa soe ûnder oare slyk yn de fargeul nei It Amelân lizzen bliuwe kinne. Dêrtroch falle de ûnderhâldskosten folle heger út. Op it stuit wurdt opnij ûndersyk dien nei de helberens en eventuele alternativen.

Net mear as 5 miljoen

De measte ferkiesbere partijen stelle foar de útkomsten fan dat nije ûndersyk ôf te wachtsjen. S!N (Sociaal in Noardeast-Fryslân) seit dat se nei dat earste rapport wol wat foarsichtiger wurden binne. De partij wol net mear as de begrutte 5 miljoen yn it projekt stekke.
Fierder steane se der by S!N fjouwerkant efter: "We tinke echt dat it in goede tafoeging oan Holwert wêze kin", seit listlûker Jouke Douwe de Vries.
FNP, CDA en PvdA bliuwe ek by de ynvestearring fan 5 miljoen. "It is in moai projekt fan de mienskip út, mar mear kinne we ienfâldichwei net betelje as gemeente", seit listlûker Geertje Schoorstra-Boeienga fan it CDA.
Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen ljochtet Omrop Fryslân alle dagen in gemeente út. Wat spilet der en wat falt op? Sjoch op Omropfryslan.nl/GR22 foar mear nijs oer de ferkiezingen.
Klaas de Jager fan de ChristenUnie wol ôfwachtsje wa't it eigenerskip fan it projekt krijt. Dy moat it ûnderhâld betelje. "As de gemeente dat krijt, moatte de ûnkosten oan de boargers trochrekkene wurde. Moatte wy dat wol wolle?"

"In bytsje reuring yn de gemeente"

Gemeentebelangen is it meast entûsjast oer it projekt en hat betrouwen yn de projektgroep: "In bytsje reuring kinne we yn Noardeast-Fryslân wol brûke", seit listlûker Pieter Braaksma. "As it net útfierber is, moatte jo it net dwaan. Mar der is safolle enerzjy yn it projekt stutsen dat der fêst alternativen betocht wurde kinne as it safier komt."
Ek de Waddenpartij sjocht potinsje en stiet derfoar iepen om as gemeente mear by te dragen. BVNL gunt it projekt de 5 miljoen, mar hat altyd sein earst in dúdlik plan sjen te wollen. "We wolle fierstente hurd as gemeente", seit listlûker Johan Talsma.
© Omrop Fryslân
Kandidaat-listlûker Anton van der Aar fan de VVD fynt it projekt foaral op sosjaal-ekonomysk mêd moai. De VVD fynt wol dat, as it net helber is, it jild ynvestearre wurdt yn alternativen om Holwert sosjaal-ekonomysk foarút te helpen.
Actief Lokaal is op it plan tsjin. De partij wol in alternatyf dêr't de 5 miljoen yn stutsen wurde kin.

Hurddraverspark Dokkum

Ofrûne wike waard bekend dat de gemeente sa'n 9 miljoen útlutsen hat foar de nije ynrjochting fan it Hurddraverspark en it Tolhúspark yn Dokkum. It Hurddraverspark moat in rekreatyf stedspark wurde mei sportfoarsjenningen en it Tolhúspark wurdt dan in sportpark.
De gemeente hat nei jierren no jild útlutsen foar it plan, mar moat de details fan de bysûndere eleminten noch útwurkje, seit wethâlder Esther Hanemaaijer. Dy bysûndere eleminten bestean út 'beleefpaden', in fuotgongersbrêge nei it sintrum, in útsjochtoer, in keunstpark en in muzykkoepel.
It giet yn de ferkiezingsprogramma's ûnder oare oer hoe't it Hurddraverspark krekt ynfolle wurde sil.
Benijd mei hokker partij oft jo stânpunten oerienkomme? Klik hjir foar de stimwizer.
BVNL is de iennige dy't tsjin alle foarstelde eleminten is. De partij is der net fan oertsjûge dat dit plan mear toeristen nei de binnenstêd ta lûkt. Se sjogge mear yn in plan foar in libbendige camping mei hûskes. Dêr is mear winst mei te beheljen.
Hanemaaijer seit dat de ried it jier dêrfoar noch ynstimd hat mei de ûntwikkelrjochting dêr't de fiif eleminten yn stean. No is it neffens har saak om subsydzjes te finen en mei de mienskip de details fan de eleminten te sketsen.

Histoarysk oansjoch of feilichheid?

De oare partijen fine foaral de fuotgongersbrêge in wichtich punt. Sa wolle de FNP, PvdA, S!N, GemeenteBelangen en Actief Lokaal gjin brêge, omdat dy it histoarysk oansjoch fan it Dokkumer bolwurk oantaast.
De FNP wol it keunstpark "yn de kuolkast sette", om't dêr gjin jild foar wêze soe. De VVD wol earst it plan ôfwachtsje. Dêrnei moat sjoen wurde nei draachflak en budzjet. ChristenUnie stiet wol iepen foar de brêge fanwege de ferkearsfeiligens. Fuotgongers moatte no mei it ferkear oer ien en deselde brêge. Dat kin feiliger.