Learlingen Dockinga College yn 'e bres foar nijbou: "Tiid foar aksje"

Learlingen fan it Dockinga College yn Dokkum hawwe in petysje opset. Se wolle nijbou fan it gebou De Finne en it vmbo-gt-gebou oan de Woudweg. Al sûnt 2017 binne dêr plannen foar, mar it duorret se te lang.
De aksje is opset troch learlingen Tieme Heeringa en Tjalling Feenstra, nei in besite fan de gemeente. "It wurdt al jierren op 'e lange baan skood en it is no echt tiid foar aksje. De trije jier ûnderbou dy't wy hân hawwe wie kwa ûnderwiis prima, mar dit gebou is echt net mear fan dizze tiid", sa sizze de jonges.
Mei it each op de ferkiezingen wolle sy dat de gemeente mei in tasizzing komt om it skoalpark en foaral De Finne flugger te ûntwikkeljen.

En wy dan?

Twa gemeentemeiwurkers kamen del foar in les maatskippijlear, dêr't praat waard oer de ynrjochting fan Dokkum. "Dat gie oer eins fan alles: ynfrastruktuer, grienstroken, de binnenstêd en toerisme. Mar net oer de skoallen en dêr fernuveren wy ús oer."

Petysje

De petysje is yntusken 400 kear tekene. "Wy hoopje ek dat de mienskip ús doel stypje wol, want it is echt tiid foar fernijing. Der sit net iens fentilaasje yn De Finne, dus moasten wy mei de pandemy de lessen folgje mei de ruten iepen."
Dosint Jouke Roersma is it mei Tieme en Tjalling iens. "Wy wachtsje eins al hiel lang. Dit soe no dochs wol it momint wêze."
De learlingen tinke der ek oer nei om yn te sprekken by de gemeenteried.