Yngong en ritueel reinigingshúske Joadsk begraafplak yn Ljouwert wurde opknapt

It Joadsk begraafplak yn Ljouwert krijt in opknapbeurt. Dat is neffens de Joadske gemeente hurd nedich.
Foar de Joadske mienskip is it begraafplak oan de Jelsumerstrjitte tige wichtich:
Foar de restauraasjes hat it Ryk 10.000 euro beskikber steld. It jild sil benammen brûkt wurde foar de fernijing fan de yngong en it saneamde 'metahear'-hûs dêr't de lichems yn it ferline ritueel reinige waarden.

Joadske grêven meie net romme wurde

Foar de Joadske mienskip is it begraafplak oan de Jelsumerstrjitte tige wichtich. "Wij ruimen de graven niet. We hebben eeuwige rust. Daarom is deze plek zo belangrijk", fertelt Avraham Schabbing, siktaris fan de Joadske gemeente yn Ljouwert.
© Omrop Fryslân, Auke Zelderust
Oan de Jelsumerstrjitte wurdt sûnt 1833 begroeven. En dat bart noch hieltyd, al telt de Joadske mienskip fan Ljouwert noch mar 25 leden.
Foar de Twadde Wrâldoarloch hie Ljouwert in libjende Joadske mienskp mei mear as sânhûndert leden. De measten fan harren binne troch de nazi's yn konsintraasjekampen ombrocht.
In Kiev is een grote Joodse gemeenschap. Die moet nu weer op de vlucht, net als toen.
Avraham Schabbing
Mei de oarloch yn Oekraine komt dit ferhaal wer nei boppen: "In Kiev is een grote Joodse gemeenschap. Die moet nu weer op de vlucht, net als toen. Joden en niet-Joden zijn er niet veilig meer. Daar gaan we weer", seit Schabbing.

Twa eardere Joadske begraafplakken yn Ljouwert

It earste Joadske begraafplak waard yn de 17e iuw oanlein oan de Bûterhoeke, tusken it hoeddeistige histoarysk sintrum yn Ljouwert HCL en Tresoar. Letter wie der noch in oarenien oan de Grienewei.
Fan beide plakken binne de grêven oerbrocht nei de Jelsumerstrjitte.