Frustraasje oer mooglik útstel WK shorttrack: "Ongelooflijk lastige zaken"

It wrâldkampioenskip shorttrack dat oer twaënheale wike plakfine soe yn it Kanadeeske Montreal wurdt mooglik útsteld. Dat hat it ynternasjonaal reedrydbûn ISU bekend makke.
Suzanne Schulting © Orange Pictures
Dat de ISU it WK oerwaget út te stellen, hat te krijen mei 'de ûntwikkelingen yn de wrâld', sa skriuwt it reedrydbûn. Dêrmei doelt it op de coronapandemy en de oarloch yn Oekraïne.
Net alle riders koene nei Kanada komme, om't net alle faksins dêr akseptearre wurde. In oare lokaasje fine op sa'n koarte termyn, wie lykwols net mooglik. Trochdat de Russyske shorttrackers troch de oarloch no net meidwaan meie, kin it dochs yn Kanada plakfine. Mar mooglik no begjin april, yn stee fan 18, 19 en 20 maart.
Jeroen Otter baalt dat de ISU dit sa let bekend makket. "Ik wil duidelijkheid over wanneer het is", seit de shorttrackbûnscoach. "Nu is het gissen. Kom nou eerst eens met het concrete plan wanneer en op welke voorwaarden en dan kunnen wij een plan schrijven", is syn oprop oan de ISU.
Als het echt uitgesteld wordt tot het tweede weekend van april, heb je geen ijs meer in Nederland.
Jeroen Otter
De shorttrackers binne teloarsteld dat se no net witte wêr't se oan ta binne, seit Otter. Boppedat binne der ek praktyske problemen. Sa is it mar de fraach oft der langer traind wurde kin yn Thialf. Otter: "Als het echt uitgesteld wordt tot het tweede weekend van april, heb je geen ijs meer in Nederland. Het zijn ongelooflijk lastige zaken en het heeft heel veel consequenties."
Otter hopet dat der nei it wykein mear dúdlikens komt. De bûnscoach hie foar it WK noch gjin seleksje bekend makke. Mooglik wurdt it toernoai it lêste keunstke fan Daan Breeuwsma. Hy hâldt nei dit seizoen op mei shorttracken.