Dantumadiel helpt jeugd mei goed 71.000 euro

Dantumadiel lûkt de kommende twa jier foar ien kear 71.000 euro út foar frijetiidsbesteging foar jongerein. It giet om in previnsje-oanpak om de konsekwinsjes fan coronalockdowns op te fangen.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Troch de coronalockdowns is de oerlêst troch jeugd tanaam. Der binne ek mear problemen by jongerein. De gemeente hopet dat te ferhelpen en it wolwêzen te befoarderjen troch de ynset fan ekstra jongereinwurk en buertsportcoaches.
De gemeenteried hat tiisdeitejûn besletten it jild beskikber te stellen. De útfiering wurdt dien troch jongereinwurk Het Bolwerk en Sport Fryslân. Takom jier is in evaluaasje. De resultaten wurde brûkt foar eventueel nije plannen foar jongereinwurk.