Gjin draachflak om dyk troch Fochtelerfean ôf te sluten foar natuer

It ôfsluten fan de dyk troch it Fochtelerfean kin noch hieltyd net op stipe rekkenje út in mearderheid fan de gemeenteried yn Eaststellingwerf.
Kraanfûgels yn it Fochtelerfean © Herman Feenstra
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol de dyk ôfslute mei slachbomen. Dat moat de natuer yn it gebiet better beskermje. Minsken dy't oan de dyk wenje en lânbouferkear dat der wêze moat, soene in ûntheffing krije.
De gemeente wurket al jierren mei Natuurmonumenten oan de dyk. It Fochtelerfean hat ferskate bedrigings: ferdrûging, hege stikstofdeposysje, klimaatferoaring en fersteuring. Boppedat wurde der geregeld bisten op de dyk deariden.
It ôfsluten fan de dyk soe in earste stap nei in oplossing wêze, mar de ried fan Eaststellingwerf sjocht dat net sitten. Yn 2019 hie de ried him ek al útsprutsen tsjin de ôfsluting.

'Politieke doodzonde'

Dat it kolleezje no dit nije foarstel al klearlein hie om yn te sjen, wie neffens Wolter Slager fan Wij Lokaal in 'politieke doodzonde'. De VVD, ChristenUnie en Lokaal Sociaal Ooststellingwerf fine it raar dat it kolleezje it net earder oan de ried foarlein hat.
Sierd van Weperen fan de VVD en wethâlder Marian Jager fan Eaststellingwerf
Oer de proseduere is dus al in soad ûnfrede. It plan sels kin ek net op genôch stipe rekkenje. OoststellingwerfsBelang en ChristenUnie binne benaud dat it ôfsluten derfoar soargje soe dat der folle mear ferkear troch it doarp De Fochtel komt.
GroenLinks, CDA en D66 sjogge in ôfsluting wol sitten. Neffens Ignas Minnema fan D66 is it "de minst slechte oplossing". Omwenners en boeren kinne der ommers noch hieltyd del, krekt as fytsers en kuierders.

Jouwe ferkiezingen de trochslach?

It is no ôfwachtsjen hoe't de ried der útsjocht nei de ferkiezingen. Uteinlik mei it kolleezje it definitive beslút nimme, mar wethâlder Marian Jager-Wöltgens liet al trochskimerje dat it kolleezje net gau in negatyf advys fan de ried njonken him dellizze sil.
Se sei lykwols ek dat it echt giet om in eksperimint foar 2,5 jier. "We doen niets onomkeerbaars."