Frysk helpkonfoai begeliedt mem nei grins dy't dochterke út Oekraïne helje wol

De Fryske reisbus dy't flechtlingen oppikke wol, hat in mem nei de Poalsk-Oekraynske grins brocht dy't har 13-jierrige dochter út Oekraïne ophelje wol.
Ernst-Jan van Reenen is op de grinsoergong fan Poalen nei Oekraïne:
Op dit stuit binne in touringcar út Bûtenpost en in buske út Drachten yn Poalen om helpguod nei flechtlingen te bringen en flechtlingen mei werom te nimmen nei Nederlân. Dat bart allegearre op inisjatyf fan de 23-jierrige Drachtster Ernst-Jan van Reenen dy't sels ek mei is.
De Poalsk-Oekraynske grins by Medyka © ANP
Se hawwe in frou by de Poalsk-Oekraynske grins by Medyka brocht dy't har 13-jierrige dochter út it lân weihelje wol. It famke sit fêst yn de gaos op it treinstasjon fan Lviv. De heit fan it famke wist net wat er mei har oan moast omdat er fjochtsje moat yn de oarloch, fertelt Van Reenen woansdei tsjin Omrop Fryslân.
Minsken swalkje mar wol om, se hawwe gjin idee wêr't se hinne moatte. It is in gaos.
Ernst-Jan van Reenen oer de flechtlingen dy't er ûnderweis sjocht
De Friezen ride woansdeitemiddei by de Poalsk-Oekraynske grins del. Underweis sjogge se allegearre minsken dy't gjin idee hawwe wêr't se hinne moatte. Se swalkje mar wat om, seit Van Reenen.

Famylje kwyt

De minsken binne út de huzen wei flechte. Se hawwe inkeld in pear needsaaklike dingen meinaam en wolle allegearre sagau mooglik rjochting de grins. Yn de gaoatyske tastannen reitsje se famyljeleden kwyt.
Sjoch hjir nei in flog:
It Fryske transport nimt net alllinnich flechtlingen mei, it hat ek helpguod achterlitten. Neffens Van Reenen is der benammen ferlet fan iten en medisinen.
Sjauffeurs René Noordmans en Erwin Smits fan Veenstra Reizen yn Bûtenpost binne al mear as tolve oeren ûnderweis. It doel wie om nei Medyka te riden, flak foar de grins mei Oekraïne. Dat is op de rûte nei Lviv, de grutste stêd yn West-Oekraïne.

Te nuodlik

Dêr hawwe binne se ek oankaam. De frou dy't se begelaten, is dêr Oekraïne yn gien. Flechtlingen oppikke wie te nuodlik. "Onderweg kregen we telefoon dat dat niet door kon gaan", fertelt Smits. "Het schijnt er te gevaarlijk te zijn, dat je de bomgeluiden aan de grens al kunt horen."
Ernst-Jan van Reenen is mei nei Poalen
De twa Fryske sjauffeurs ride no nei Warschau, de haadstêd fan Poalen. "Daar zijn al grote groepen mensen. Zij zijn daar met de trein heen gereisd vanuit Oekräine. We brengen ze van Warschau naar Nederland."
Rene Noordmans en Erwin Smits © Eigen foto
De bus hat plak foar 87 minsken en it is de bedoeling om safolle mooglik mei te nimmen. Van Reenen ferwachtet dan freed wer yn Nederlân te wêzen, mei in busfol flechtlingen.