Klimaatferoaring en de Iselmar: partijen yn petear op spesjaal sympoasium

Hokker konsekwinsjes hat it feroarjende klimaat foar de Iselmar? Hoe kin it brûkt wurde as swietwetteropfang en wat moat der barre om drûge fuotten te hâlden? Dêroer praten organisaasjes op in sympoasium yn Hylpen.
De Iselmar fan it Bolwerk yn Starum ôf sjoen © Omrop Fryslân, Sian Wierda
"It is de earste fan meardere gearkomsten dy't oer de Iselmar plakfine sille", seit wethâlder Bauke Dam fan Súdwest-Fryslân. "We geane mei ferskate partijen yn petear: oerheden, doarpsbelangen, lânskipsbehearders. Wy moatte mei-inoar sjen nei de takomst fan de Iselmar." Dat is nedich om't it klimaat feroaret.
Foar de Iselmar betsjut dat bygelyks dat it wetterpeil omheech gean sil, en dat der opnij sjoen wurde moat nei diken en wetterkearingen.

Konsekwinsjes

De Iselmar is ek in wichtich swietwetterbekken foar Nederlân. "Troch de ferdrûging wurdt dat fan hieltyd grutter belang", seit Dam. It wetter moat dêrom in soad romte krije, mar dat is foar de gebieten dy't oan it Iselmar lizze net sûnder konsekwinsjes. Dam tinkt dat it bygelyks gefolgen hat foar bûtenlânske gebieten by Makkum of Warkum.
Wethalder Bauke Dam oer it sympoasium oer de Iselmar
"It moat barre, mar it moat wol yn goed oerlis", seit Dam oer it ferheegjen fan it wetterpeil "Foar ynwenners dy't der wenje, de rekreanten dy't der sitte en de ûndernimmers, hâldt it nochal wol wat yn."

Kommende hûndert jier

Foar it behâld fan drûge fuotten sit it wetterskip ek om tafel, mar ek it agrarysk belang, de natuerbelangen en dat fan bygelyks ûndernimmers binne wichtich.
"Wy moatte each foar inoar hawwe, foar it lokale, foar de ynwenners", seit Dam. "It is hiel lestich, mar we moatte dochs sjen hoe't we mei-inoar troch de tiid komme kinne. Ik praat hjir net oer de kommende twa jier, mar oer de kommende hûndert jier", seit Dam. "It wurdt noch in hiele toer, mar we moatte it mei-inoar dwaan."