HEA! Metaalfamke Laura
Laura de Vries fan De Lemmer is 16 jier en sy is sljocht fan metaal en technyk. Yn de wurkpleats fan har heit Nanne set se fan alles yninoar.
Laura hat in soad mei heit op de frachtwein riden en geandewei hat sy it laskjen, seagjen en boarjen ek fan him leard. Se betinkt wat of sjocht op Pinterest en makket it dan. Laura hat der talint foar, mar studearret dochs foar in baan yn de fersoarging.