Cambuurferdigener Gullit lang út de rûlaasje

SC Cambuur sil ferdigener Maxim Gullit foar langere tiid misse moatte. De ferdigener hat in swiere knibbelblessuere oprûn.
Maxim Gullit op de brankaar fan it fjild © Orange Pictures
Gullit foel ôfrûne sneon yn it duel tsjin Fortuna Sittard yn de ekstra tiid blessearre út. It seach der fuort earnstich út en it spul lei dêrtroch in skoft stil. No docht dus bliken dat it yndie om in swiere blessuere giet.
Gullit moat oan syn knibbel operearre wurde.