See-earnen yn de Alde Feanen wer te folgjen fia in webcam
De kamera's fan Beleef de Lente fan Vogelbescherming Nederland binne wer oanset. Dit betsjut dat minsken ûnder mear de see-earnen yn de Alde Feanen wer yn de gaten hâlde kinne.
Ofrûne jier wienen de see-earnen ek al te folgjen. Yn maaie 2021 waard it sicht lykwols minder. De jonge see-earnen hienen op de lins skiten. Dit jier is de kamera dêrom mar wat heger set. It wurdt alwer de sechsde kear dat it see-earnepear briede sil yn de Alde Feanen.
Earrebarren
Ek de webcam op it earrebarrenêst yn de Alde Feanen stiet wer oan. De earrebarren binne te folgjen fia www.ooievaars.nl. De see-earnen kinst hjir folgje.