In wûnderke fan de natuer: skiep bringt twa kear lamkes yn achttjin dagen tiid

Boer Hans Witteveen fan Wier seach nuver op doe't ien fan syn skiep fan 'e wike ynienen begûn te lamjen. Datselde skiep hie achttjin dagen lyn nammentlik al in lamke op 'e wrâld set.
De lamkes binne sûn © Hans Witteveen
"De kâns dat je de Postcode Loterij winne is grutter", seit Witteveen (64). Hy hat mei syn maat Feike Wiersma 110 skiep op de pleats yn Wier.
It skiep stie yn in stâl mei oare skiep dy't lamme hienen. Op 8 febrwaris brocht it bistje in sûn lamke. De ferrassing wie dan ek grut doe't it skiep snein 27 febrewaris opnij begûn te lamjen. De fjouwer lamkes binne sûn.
Dycke en Senn Postumus, omkesizzers fan Feike Wiersma © Hans Witteveen
Dat it in bysûnder foarfal is, befêstiget feedokter Frank Kampen út Frjentsjer. "De feedokter lei my út dat in skiep in skûlliif (baarmoeder) links en rjochts ha kin", fertelt Witteveen. "Nei alle gedachten is it skiep noch in kear dutsen troch de raam en is letter yn de oare baarmoeder noch in frucht ûntstien."
Yn België barde in soartgelyk foarfal yn 2012 yn Alken.