Hearrenfean: is gemeente ferantwurdlik foar finansjeel wolwêzen fan topsport?

Hoefolle jild moat in gemeente yn lanlike topsport stekke? En wat moat in gemeente dwaan om goede jeugdsoarch mooglik te meitsjen?
© Omrop Fryslân
It Hearrenfean is de sportstêd fan Fryslân. It stadion fan sc Hearrenfean, it Epke Zonderland-turnsintrum en Thialf binne sportsintra dy't nasjonale en ynternationale sporters oer de flier krije.
Mar wa betellet dat allegearre? Yn hoefierre moat de gemeente meibetelje oan topsport fan lanlik belang?

Thialf

Thialf is foaral in heikel punt. De iisbaan kin himsels net draaiende hâlde en is fjouwer jier ferlyn ek nochris flink ferboud. Oandielhawwers fan it kompleks binne de gemeente Hearrenfean (foar ien tredde) en de provinsje Fryslân (foar twa tredde). De partijen hawwe de ôfrûne tsien jier sa'n 50 miljoen euro ynvestearre yn de iisbaan.
Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen ljochtet Omrop Fryslân alle dagen in gemeente út. Wat spilet dêr en wat falt op? Sjoch op Omropfryslan.nl/GR22 foar mear nijs oer de ferkiezingen.
Ein 2021 makke it kabinet bekend in miljoen euro frij te meitsjen foar Thialf. Dat is net genôch om de boel draaiende te hâlden. De politike partijen tinke ûngelyk oer hoefolle gemeentejild oft yn Thialf ynfestearre wurde moat.
CDA en D66 fine net dat de gemeente de útjeften foar Thialf ferminderje moat. CDA beklammet dat Thialf fan ekonomysk belang is foar de gemeente. D66 fynt it net earlik tsjinoer provinsje en kabinet om de gemeentlike jildstroom nei ûnderen te skroeven, want provinsje en Ryk betelje in soad jild mei.
Albert Abma fan D66
ChristenUnie seit dat de kosten yn ferhâlding stean moatte mei it oandiel fan de oandielhawwers. Fierders moat it Ryk ek meibetelje, fynt dy partij. Want Thialf is ''onze nationale trots." List Blanco Van der Kooij wol mear ynsjoch yn de finânsjes fan Thialf en miskien in referendum dêroer.
De oare partijen binne foar in útjeftefermindering fan de gemeente oan Thialf. De arguminten komme aardich oerien: VVD, Jezus Leeft, Heerenveen Lokaal en SP sizze dat it iisstadion mear as in bedriuw funksjonearje moat. Sa binne se minder ôfhinklik fan lokaal jild. Ek sizze de measte partijen dy't tsjin ekstra jild fan de gemeente binne, dat der ekstra jild fan it Ryk komme moat.

Jeugdsoarch

De jeugdsoarch is in tema dat yn alle gemeenten oan 'e oarder komt. Yn 2015 hat it Ryk de taken fan de jeugdsoarch by de gemeenten dellein. Allinnich jouwe gemeenten oan net genôch jild te hawwen om de taken fan it advisearjen en begelieden fan de jeugd nei de goede foarm fan jeugdhulp goed útfiere te kinnen.
Ek yn de gemeente Hearrenfean spilet dat probleem. It CDA jout dat bygelyks oan. Se wolle mei meardere gemeenten oplûke om mear jild te bemachtigjen foar gemeenten.
Troch it jildtekoart yn de jeugdsoarch stiet de gemeente no foar de kar om sels by te springen of besykje de goede soarch te leverjen binnen it budzjet fan de oerheid. En dat is no krekt wêr't de partijen it net oer iens binne.
De VVD is it meast útsprutsen tsjin mear útjaan as it budzjet. Sy sette yn op 'normaliseren' en 'demedicaliseren'. Sa kin op de kosten fan de jeugdsoarch besparre wurde. Dat hâldt yn dat de partij ynsette wol op it ferbetterjen fan 'it opfiedkundich klimaat' yn skoallen, wiken en húshâldingen, sadat problemen earder opmurken wurde.
© Omrop Fryslân
ChristenUnie fynt dat de soarch sa effisjint mooglik brûkt wurde moat, it leafst binnen it budzjet.
D66 sjocht ek romte foar ferbettering yn it belied fan no en fynt dat jeugdsoarch en ûnderwiis better gearwurkje kinne. Ek GemeenteBelangen, ChristenUnie en CDA wolle de gearwurking mei skoallen ferbetterje.
FNP en HeerenveenLokaal stelle dat as der mear útjûn wurdt as it budzjet, dat kompensearre wurde moatte soe troch it Ryk.
De measte partijen fine goede jeugdsoarch wichtiger as oer it budzjet hinne gean. GrienLinks bygelyks neamt besunigings op kwetsbere jongerein "ûnferantwurde".
Ek is der krityk op de winst dy't jeugdsoarchbedriuwen meitsje mei belestingjild. De SP wol hjir bygelyks in lanlik ferbod op en D66 stelt dit probleem ek oan de kaart.

Oare ferkiezingstema's

De gemeente Hearrenfean hat noch folle mear oandachtspunten. Sa wolle in tal partijen in supermerk yn de wenwyk Skoatterwâld, mar rinne se tsjin de gemeente oan. Dy hat bepaald dat der foar 2026 gjin nije supermerken komme meie.
Fierders is de fytsynfrastruktuer in punt fan diskusje. Moatte fytsers foarrang krije op de rotondes? En wurdt de ferkeerssituaasje dêr feiliger fan?
Benijd mei hokker partij jo stânpunten oerien komme? Klik hjir foar de stimwizer.