KNSB oan ISU: slút Russyske en Wyt-Russyske riders út

Reedrydbûn KNSB wol gjin Russyske en Wyt-Russyske dielnimmers op de wrâldbekerfinale fan 12 en 13 maart op It Hearrenfean. It ropt de ynternasjonale reedryduny ISU op om riders út dy lannen út te sluten.
Thialf © ANP
It Nederlânsk reedrydbûn ûnderskriuwt de oprop fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) oan sportorganisaasjes om Russyske en Wyt-Russyske sporters út te sluten fan dielnimming oan ynternasjonale wedstriden. Dat beslút kaam nei oanlieding fan de ynfal fan Ruslân yn Oekraïne en de belutsenheid fan Wyt-Ruslân.
De KNSB feroardielet dy ynfal en hat dêrom besletten om sporters út de beide lannen yn alle gefallen út te sluten foar dielnimming oan reedrydeveneminten ûnder de flagge fan de KNSB.
Ynternasjonale reedrydeveneminten, lykas de wrâldbekerfinale op It Hearrenfean, falle lykwols ûnder ferantwurding fan de ISU. De KNSB hat der by de ISU op oantrune om de oprop fan it IOC te ûnderskriuwen en wachtet noch op in reaksje.

Russen faker útsletten

Earder kaam al it berjocht dat Russyske skippen net wolkom binne by de Tall Ships Races, it evenemint dat ûnder oare Harns oandocht. En hieltyd mear sportkompetysjes slute ek Russyske sporters út. Moandei dienen de UEFA en de FIFA dat noch nei tanimmende druk út ferskate lannen.