Hieltyd mear wjirmitende fûgels op besite yn Frysk part fan de Waadsee

It Nederlânske part fan de Waadsee wurdt hieltyd populêrder by fûgelsoarten dy't wjirmen frette. Dat docht bliken út in nij rapport oer de trends fan fûgels yn it ynternasjonale waadgebiet.
In protte fûgels dy't wjirmen ite, dogge it benammen yn de Fryske Waadsee goed:
Dat fûgels lykas de reade skries hjir massaal op trochreis binne, komt dus omdat der nochal wat wjirmachtige soarten te finen binne op ús Waad. En dat komt trochdat it Waad hjir noch hieltyd opheget mei slyk en sân dêr't dy wjirmen yn sitte.
By boaiemûndersyk yn it Waad wurde benammen foar de Fryske kust grutte konsintraasjes wjirmachtige soarten fûn. Ek de berchein en de tsjirk profitearje dêrfan. It giet goed mei in soad einesoarten, ôfsjoen fan de wylde ein en de eider.
In soad soarten dy't yn arktyske gebieten briede en it Waad brûke om te oerwinterjen of troch hinne te lûken, stean noch hieltyd ûnder druk.
Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der binne ek ljochtpuntsjes, seit Romke Kleefstra fan Sovon Vogelonderzoek: "Wy sjogge wol dat it oantal soarten dat negative trends sjen lit dêr't de oantallen fan ôfnimme dat dat in bytsje ta stilstân kaam is. Der binne no dochs wat mear soarten dy't in positive trend sjen litte."
Dan giet ûnder oare om de mients (kanoet).