Fryske kompaan Van Lienden ek oppakt om mûlkapkedeal

De trije oprjochters fan de Stichting Hulptroepen Alliantie binne moandei oanholden yn in strafrjochtlik ûndersyk nei in kontroversjele mûlkapkedeal. Ien fan har is ûndernimmer Camille van Gestel út Warkum.
Sywert van Lienden © ANP
Gesicht fan de Hulptroepen Alliantie is Sywert fan Lienden. Hy rjochte de stichting twa jier lyn mei twa oaren op, ûnder wa Van Gestel.
Yn it ûndersyk binne moandei twa hûzen en in kantoar trochsocht, meldt it Iepenbier Ministearje. Dêrnei binne de trije oprjochters oanholden, wurdt befêstige nei berjochtjouwing fan De Telegraaf.

Miljoenen winst

De trije manlju seinen dat de Hulptroepen Alliantie in non-profitorganisaasje wie dy't op koarte termyn in grut tal mûlkapkes foar de soarch leverje koe. Dêr wie doe grut ferlet fan.
Undersyk fan ûnder oare de Volkskrant en Follow the Money wiisde lykwols út dat de manlju ek in BV oprjochte hiene dy't brûkt waard by de yn- en ferkeap fan mûlkapkes. Mei dy BV makken se miljoenen winst.

Oanjefte troch Randstad

Utstjoerorganisaasje Randstad die oanjefte tsjin de trije. Randstad hie personiel levere. Dat waard sûnder dat se dat wisten ek ynset foar de BV.