Cambuurheld hat wer rjochte noas: "We zijn bezig met een goed masker"

Doke Schmidt hopet snein gewoan meispylje te kinnen yn de wedstriid tsjin FC Twente. De ferdigener fan SC Cambuur hat moandei nei it sikehûs west, dêr't syn brutsen noas rjochtset is.
Nei syn besite oan it sikehûs hat Doke Schmidt tiid om yn de SportCast fan Omrop Fryslân werom te sjen op de wedstriid fan ôfrûne sneon. Dêryn waard er de grutte held, troch yn de slotfaze in bal fan de eigen doelline te heljen mei in omhaal.
"Ik heb veel positieve reacties gehad", laket de rjochterferdigener. "Hij was belangrijk, het was op een mooi moment en het levert drie punten op. Dat maakte 'm nog iets mooier."

Masker

FC Twente is snein de folgjende tsjinstanner fan de Ljouwerters. Mei Schmidt mooglik tusken de linen. "We zijn bezig met een goed masker en gaan kijken of dat lukt."
Feiligens stiet foarop en dêrfan wol Schmidt ek wis wêze, foar't er oan de wedstriid begjint: "Op de training kun je je hoofd nog wel eens intrekken bij een kopduel, maar in de wedstrijd moet je volle bak gaan. Dat moet veilig zijn."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Wêr't Cambuur foar it earst yn sân kompetysjewedstriden wer wûn, slagge dat sc Hearrenfean net. It ferlear foar de sânde kear op rige yn de earedivyzje. Dat is ek Schmidt net ûntgien. Hy begûn der syn karriêre. "Het ziet er niet goed uit", seit de op It Hearrenfean berne fuotballer.

"Fuotbal basearre op tafal"

Sportferslachjouwer Arjen de Boer makket him soargen, om't net by eltsenien it besef oanwêzich liket dat de degradaasjesône net fier fuort mear is. "As de alarmbellen no net ôfgeane, wit ik it ek net mear. It fuotbal is basearre op tafal. We hoopje dat it goed falt, mar it komt op de kop ferkeard."
De aankopen hebben tijd nodig, maar die tijd is er niet.
Pele van Anholt
Dêr slút in oare âld-ferdigener fan Hearrenfean him by oan. Pele van Anholt trainde dit seizoen in oantal moannen mei by de ploech, dy't doe noch ûnder lieding stie fan Johnny Jansen.
"Ik heb het van dichtbij meegemaakt. Er hing heel veel af van de beide Veermannen. Die waren heel beslissend", wit Van Anholt, dy't sjocht dat ynterim-trainer Ole Tobiasen no sykjende is nei de bêste opstelling.
De Boalserter sjocht dat Hearrenfean it no dreech hat. "Ze wilden iets bewerkstelligen door de trainer te ontslaan. Dat effect is er nog niet. De aankopen hebben tijd nodig, maar die tijd is er niet. Het wordt wel zwaar."