Sjippe fan kowemolke en pallets fan snoeihout foar takomst melkfeehâlderijen

Sjippe fan kowemolke, tiny houses op it boerehiem en pallets fan snoeihout; it binne in pear nije ideeën fan treddejiers studinten dier- en feehâlderij fan hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert om melkfeehâlderijen takomstbestindich te meitsjen.
Renske Atsma en Auke Jan Zoodsma © Omrop Fryslân
Mei in spesjaal sympoasium 'Het boerenerf, meer dan alleen melk', presintearren de studinten ôfrûne jannewaris har plannen. Se hawwe neitocht oer opsjes om besteande tradisjonele melkfeehâlderijen takomstbestindich te meitsjen troch ferbreedzjen yn stee fan skaalfergrutting.

Troch oprinnende kostprizen en wet- en regeljouwing sjogge se nei oare mooglikheden om ynkomsten te krijen. It moat ek sjoen wurde as in soarte fan oantrekkingskrêft om de boarger wer te belûken by it boerebestean. Der binne in ferskaat oan ideeën, lykas soarch op it melkfeebedriuw of fakânsjehúskes. Of it kompostearjen fan griente-, fruit- en túnôffal. Der is neffens de studinten in soad mooglik.

Sjippe fan molke

De studinten Renske Atsma en Auke Jan Zoodsma hawwe ek ferskate ideeën oer hoe't in melkfeebedriuw oare ynkomsten krije kin. Renske kaam op it idee om fan kowemolke sjippe te meitsjen.
Se hat der mei oan it eksperimintearjen west en is no sels krekt har bedriuw Sjipko begûn. De rauwe kowemolke hellet se by har freon fan it melkfeebedriuw út Ypekolsgea en stoppet it thús yn iisblokfoarmkes yn de djipfries. Troch natronlooch en etearyske oalje der oan ta te heakjen wurdt it in hearlike sjippe.
Renske fynt dat melkfeebedriuwen mear wearde ha as allinnich molke en mei sjippe kin se de sektor 'lúkser' meitsje.
De sjippe makke fan kowemolke © Omrop Fryslân

Sprieding fan risiko's

Studint Auke Jan Zoodsma tinkt ek dat boeren net mear allinnich fan de molke ôfhinklik wêze moatte en dat sprieding fan de risiko's en ynkomsten needsaaklik is. Al binne boeren dêr ek wol ûnwis oer. "Duorsum roppe we faak, mar hoelang hâlde je dat fol en is it fol te hâlden. Dat binne fraachstikken dêr't boeren ûnwis oer binne", seit Auke Jan.

Pallethout

Hy hat it idee om fan snoeihout fan beammen op it boerehiem pallethoutbrokjes te meitsjen. It hout wurdt seage en nei it drûgjen fan de takken kinne se fersnippere wurde. Op it stuit wurdt dêr troch boeren noch net in soad mei dien, seit Auke Jan. It is in duorsume manier om guod dat al op it bedriuw is te ferwurkjen en ekstra ynkomsten út te heljen.

Neffens him moat de molke op nûmer ien bliuwe, mar: "Jild groeit net oan de beammen, mar it hout dus wol en as we dat brûke kinne en der echt úthelje kinne dan is dat moai". Hy hopet dat syn idee in bytsje effekt ha sil.

Oars nei de takomst sjen

De ideeën fan de studinten binne net rjochte op skaalfergrutting, om't se oars nei de takomst sjen wolle. Al moatte de boeren en boargers wol tichteby mekoar komme. Neffens Auke Jan wol de konsumint duorsum, vegan en dierfreonlik, mar komme de konsuminten net yn de melkfeehâlderijen om sels te sjen dat de kij dêr in goed plak ha. Foar de takomst fan melkfeehâlderijen moat dat grutte gat tichter makke wurde.