ELP-listlûker Yntze de Vries earnstich bedrige op social media

Listlûker Yntze de Vries fan de ELP yn Smellingerlân is earnstich bedrige op social media. "Se soene dy begrave moatte en dan asfalt der oer hinne", waard der steld. Neffens de Vries komt de bedriging fan in kandidaat-riedslid fan in oare partij yn syn gemeente.
Yntze de Vries © Omrop Fryslân
De Vries hat noch gjin oanjefte dien by de plysje, om't er de kwestje de kommende dagen earst noch foarlizze wol oan boargemaster Rijpstra en de riedsgriffier.

'Bagger op social media'

De Vries fertelde oer dizze en oare bedrigingen yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries by Omrop Fryslân. Benammen dat it om in bedriging fan 'binnen út giet', dien troch in oare riedskandidaat, stekt de Vries bot. "Jo hearre by ús yn 'e rie meastentiids polityk korrekt praat, mar op social media krije jo alle mooglike bagger oer jo hinne. Mei dizze persoan moat ik mooglik de kommende fjouwer jier yn de rie sitte. Dan tink ik, we ha in Smellingerlân noch in lange wei te gean. De basis moat altyd wêze dat jo it oer de ynhâld ha."

'Wurk fan gekkies'

Tieneke Clevering, listtriuwer fan D66 yn Ljouwert neamt de bedriging 'in tryste bedoening' en it wurk fan 'gekkies'. "Mar it past wol yn it byld fan de maatskippij, wêryn it der somtiden raar om wei giet tsjinwurdich. Ek tsjin minsken dy't har frije tiid opofferje foar de publike saak. Dêr wurkje politisy oan de takomst, om idealen wier te meitsjen en om saken te feroarjen. Net om it jild, want dan kinne je better in krantewyk nimme."
Tieneke Clevering, Yntze de Vries en Kees Wielstra © Omrop Fryslân, René Koster
Wethâlder, en listlûker foar Gemeentebelangen yn Dantumadiel, Kees Wielstra fertelde dat ek yn Dantumadiel sprake is fan yntimidaasje en bedriging. "Dat fyn ik in hiel soarchlike ûntwikkeling."

De gemeenteriedsferkiezingen binne op 14, 15 en 16 maart.
Yntze de Vries fertelt oer de bedrigings oan syn adres