Tredde plak by NK maraton op natueriis foar Björn Bakker

Maratonrider Björn Bakker fan Wynjewâld is snein tredde wurken op it NK maraton. Op it natueriis fan it Sweedske Luleå moast hy allinnich kampioen Jordy Harink en Niels Overvoorde foargean litte.
It poadium © Timsimaging.nl
Lang wie der in grutte kopgroep, dêr't neist Bakker in soad favoriten yn rieden. Ek winner Harink siet lang yn de kopgroep, oant hy in oanfal pleatste. Hy kaam úteinlik nei 150 kilometer allinnich oer de einstreek.
Bakker ferlear dêr achter yn de sprint om it twadde plak fan Niels Overvoorde.

Jonkers kampioen by de froulju

By de froulju waard Luna Jonkers ferrassend Nederlânsk kampioen nei in solo fan tritich kilometer. Ineke Dedden pakte it sulver, foar Elsemieke van Maaren. Bêste Friezinne wie Aggie Walsma op it achtste plak.