IIshockeyers UNIS Flyers komme krekt tekoart yn bekerfinale

De iishockeyers fan UNIS Flyers binne der sneintemiddei net yn slagge om de Nederlânske beker te pakken. Yn De Uithof yn Den Haag wie Hijs Hokij mei 3-2 te sterk foar de Feansters.
Martijn Oosterwijk
It publyk wie manmachtich ôfkaam op de finale fan it bekertoernoai. Sy seagen dat de thúsploech healwei de earste perioade op foarsprong kaam troch in goal fan Melissant yn in powerplay. Dat wie ek de stân by it begjin fan de twadde perioade.

Den Haag hieltyd op foarsprong

Dêryn gie Den Haag troch, troch al nei twa minuten de foarsprong te ferdûbeljen. Op 'e nij wie it Melissant dy't de puck by de Feansters yn it doel krige. It like derop dat Hijs Hokij ek de twadde perioade winnend ôfslute soe, mar dat wie bûten Roope Nikkilä rekkene. De Fin makke der krekt foar de ein fan de perioade 2-1 fan.

Dêr't de Flyers yn de tredde perioade op jacht giene nei de lykmakker, wie it Hijs Hokij dat skoarde troch Huisman. Nettsjinsteande dizze ôffaller giene de Flyers troch en dat smiet de oanslutingstreffer op fan Nikkilä.

Goalie fan it iis

Yn de hektyske slotfaze besochten de Feansters út alle macht om in ferlinging út it fjoer te slepen, en helle sels de keeper fan it iis. Den Haag koe, mei troch goalie Brett Magnus, stân hâlde.
Mike Nason