Fenna Kalma helpt Twente nei oerwinning tsjin âlde leafde SC Hearrenfean

De froulju fan sportklup Hearrenfean ha sneintemiddei yn eigen hûs mei 2-0 ferlern fan FC Twente. Beide doelpunten fan de Tukkers kamen fan Fenna Kalma fan Haskerhoarne, dy't yn it ferline foar Hearrenfean spile.
Fenna Kalma © Orange Pictures
Dat Kalma twa kear skoarde is net bysûnder. Nei it duel fan snein stiet de oanfalster yntusken op 24 doelpunten út 16 wedstriden. Earder dit seizoen wûn FC Twente noch mei 8-0 fan de Feanfroulju, doe skoarde Kalma fjouwer kear.
Dizze kear kopte se har ploech yn de 36e minút op foarsprong. Tweintich minuten foar tiid makke se it ôf mei de 2-0.