Willem Tjerkstra skriuwt Fryske Odyssee: "Foar my is der gjin god mear"

Skriuwer Willem Tjerkstra (78) fan Snits sette nei syn pensjoen útein mei syn masterwurk 'In Fryske Odyssee': in syktocht yn 27 dielen nei de sin fan it bestean.
Willem Tjerkstra © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Wat is de sin fan it libben en mei watfoar doel binne wy op ierde? It is de libbensfraach dêr't alle grutte filosofen, skilders en keunstners harren al iuwen en iuwen oer bûgje.
De 78-jierrige Willem Tsjerkstra fan Snits docht ek in goai. Mei syn Fryske Odyssee besiket er in antwurd te finen op dizze eksistinsjele fraach. Lykas de Grykske dichter Homerus yn de klassike âldheid yn syn Odyssee skriuwt oer de sin fan it bestean.
Tjerkstra skreau yn santjin jier tiid de 27 dielen fan syn Fryske odysee. "It proses nei it mystearje is it belangrykste. Dêr binne wy allegear mei op 'en paad."
22 dielen fan in Fryske Odysee binne no útbrocht © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Hoe komme jo ta in antwurd wat it doel is wêrom't de minsk op dizze wrâld is? Tjerkstra liet it haadpersonaazje fan syn Fryske Odysee, Bauke Blomhof dy't op in pleatske oan de Fluezen wennet, de syktocht ûndernimme.
Tjerkstra groeide op yn It Heidenskip as soan fan in skûtsjeskipper. Syn âlden hienen goede kunde oan boer Piet Groenhof. "In boer mei in brede belangstelling, mei in pleats oan de Fluezen. Mei dy boer yn de efterholle is de syktocht fan Bauke Blomhof ûntstien."
It begûn allegear mei ien roman, mar al skriuwendeweis fielde Tjerkstra dat er noch folle mear ferhalen yn 'e pinne hie. Sa binne der yn totaal 27 dielen útkaam.
"De romans spylje harren ôf yn bygelyks Birma, Afrika of Ruslân. Sadwaande komt Bauke Blomhof ta it ynsjoch dat de wrâld folle breder is as dêr oan de Fluezen. Hy komt oars yn it libben te stean."

Makrokosmos en mikrokosmos

"De sin fan it libben is yn prinsipe in syktocht. Jo komme net ta in oplossing. Oan de ein fan myn searje kom ik by twa eleminten út", fertelt Tjerksta. "By it hielal en by skimmels, en hoe kinst dy dan byinoar bringe? Yn myn optyk tusken lyts en grut yn. Sa moatte jo libje."
De skriuwer tinkt dat it hawwen fan in krisis de syktocht nei de sin fan it libben op skerp set. Sels hat er ek tsjustere tiden hân.

Gjin god, mar in krêft

Tjerkstra groeide op yn in strang grifformeard fermidden. By pake en beppe moasten se sneins twa kear nei tsjerke. "De dogma's waarden my om de earen slingere, mar dêr haw ik ôfstân fan dien."
Dochs fynt er it bysûnder dat syn Fryske Odyssee úteinlik út 27 dielen bestiet. "Dat hie ik my hielendal net realisearre, mar it binne likefolle boeken as yn it nije testamint stean."
Ferslachjouwer Froukje Sijtsma yn petear mei skriuwer Willem Tjerkstra
Yn de Fryske Odyssee komt in ferskaat oan religys oan oarder bar. "It kristendom, it joadedom, boedhisme, kommunisme en in ferskaat oan oare streamingen."
Foar Tjerkstra is ien saak wis. "Ik haw ien ding yn it libben leard en dat is: sykje it sa breed mooglik. Foar my is der gjin persoanlike god mear, mar wol in krêft dy't boppe de minsken út giet, oft dat no tusken de skimmels of yn it universum sit."
Nei 27 boeken set Tjerkstra in punt efters syn odyssee, mar net efter syn syktocht. "Dy giet troch oan de ein fan it libben."