Koprinner Team22 blykt te sterk foar VC Snits

VC Snits is sneontejûn ûnderút gien tsjin Team 22. De koprinner fan de earedivyzje wie mei 1-3 te sterk foar de Snitser follybalsters.
VC Snits yn aksje © Orange Pictures
Team22 is it talinteteam fan it follybalbûn. Sy steane boppe-oan, mar dogge allinne mei oan de gewoane kompetysje.
Mei in 25-18 setwinst begûn VC Snits goed tsjin de koprinner. Ek yn de twadde set wiene se sterk en kamen se foar, mar Team22 pakte 'm dochs mei 23-25.
De tredde set wie mei 20-25 opnij foar it talinteteam en mei 17-25 yn de beslissende set wie it oer foar Snits.