Traumahelikopter ynskeakele foar ûngelok yn Ljouwert
Der hat sneontejûn in slim ûngelok west oan de Mr. P.J. Troelstraweg yn Ljouwert. In scooterrider gong troch noch ûnbekende oarsaak ûnderút.
By it ûngelok rekke in persoan ferwûne. It slachtoffer wurdt behannele troch ambulânsepersoniel. Der is ek in traumahelikopter ynskeakele.