Feestkommisje en iisklup hawwe noed oer nije flat yn Gytsjerk

Op it each is it in ienfâldich fjildsje, mar it terrein fan de iisklup yn Gytsjerk is in wichtich plak foar it doarp. Grut wie dan ek de argewaasje doe't de gemeente Tytsjerksteradiel ferline wike de plannen foar in nij flatgebou oan de râne fan it fjild bekendmakke.
Argewaasje oer nij plan sintrum Gytsjerk:
Hoewol't de plannen noch net definityf binne, binne it Doarpsbelang, de feestkommisje en de iisbaan it net iens mei de plannen. Der soe in flatgebou komme fan 3 boulagen, 16 meter heech, dêr't winkels en 15 apparteminten yn komme.

Grûn al ferkocht

It flatgebou komt tsjin de iisbaan oan en is yn de buert fan it plak dêr't de feestkommisje de feesttintfeesten altyd organisearret. It plan is noch net definityf, mar de iisklup hat it gefoel dat it net mear tsjin te hâlden is. De gemeente hat de grûn al ferkocht en 3 maart wurdt yn de ried stimd oer it bestimmingsplan.
Neffens Anne Koopmans fan de feestkommisje sille der grif klachten komme fan takomstige bewenners fan de flat as der in doarpsfeest is. "Wêr't wy benaud foar binne, is dat troch klachten de feesten hjir net mear plakhawwe kinne." Neffens Koopmans is it foar de sosjale kohesy fan it doarp wichtich dat de doarpsfeesten sa tagonklik mooglik bliuwe.
Tabitha Dijkman fan de iisklup tinkt dat it skaad fan it gebou iisgroei behinderje sil: "We zijn zeker niet tegen nieuwbouw in het dorp. Alleen de plek en de schaal daar maken we ons zorgen over."
Hjir moat in nij flatgebou komme © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Klaas Bokma wennet al jierren njonken de iisbaan. Neffens him wurdt der al sûnt 2003 praat wurdt oer it feroarjen fan it sintrum fan Gytsjerk. Op dit stuit leit der in plan dêr't ferskate partijen it net mei iens binne.

Tusken de stiennen

Bokma fynt dat der net genôch rekken hâlden wurdt mei de winsken fan it doarp: "Tink no in kear nei om in plan te meitsjen dêr't it belang fan it doarp foarop steld wurdt. De minsken dy't der no wenje komme tusken de stiennen yn te sitten."
De partijen tinke dat ynwenners fan Gytsjerk noch net yn de gaten hawwe wat de gefolgen foar de nijbou wêze kinne. As aksje sil de iisklup in spandoek oan it stek ophingje. Ek wolle se mei in Facebookberjocht doarpsgenoaten ynformearje oer de gefolgen foar de plannen dy 't der no lizze. Dijkman: "Wat we eigenlijk hopen is dat we met alle belanghebbenden om tafel kunnen om samen tot een goed plan te komen."