FryslânDOK: Sykje sûnder ein, oer M.C. Escher

Yn maart is it fyftich jier lyn dat de keunstner M.C. Escher ferstoar. Syn keunst libbet noch folop en is bekend oer de hiele wrâld. FryslânDOK werhellet de film 'Sykje sûnder ein' oer Escher, makke troch Robin Lutz en Marijnke de Jong.
De trijedielige dokumintêre is te sjen op 26 en 27 febrewaris , 5 en 6 maart, en 12 en 13 maart by NPO2 en by Omrop Fryslân.

Oarder en regelmaat

Maurits Cornelis Escher (Ljouwert 1898 - Hilversum 1972) makke gravueres, houtfiken en stienprinten yn swart-wyt. Optyske yllúzjes, foar it each ûnmooglike konstruksjes dêr't er boartet mei matematyske prinsipes. Escher wie lykwols gjin wiskundige, hy wie oplaat as grafikus. Syn ynspiraasje wie 'de ûneinichheid'. Dwaande wêze mei oarder, 'regelmaat' en syklyske werhellings joech him rêst en hâldfêst.
Escher - Band © Escher
Yn 2018 makken filmregisseur Robin Lutz en keunsthistorikus Marijnke de Jong de film 'Sykje sûnder ein'. Oan de hân fan brieven en deiboeken fertelt Escher sels syn libbensferhaal, yn de Fryske ferzje mei de stim fan akteur Jan Arendz. Mei trijediminsjonale animaasjes, argyfbylden en ûnbekende ferhalen ferskynt der in nij, persoanlik byld fan de keunstner.
Escher oan it wurk © Omrop Fryslân
Muzikant en bewûnderder Graham Nash komt oan it wurd. Lykas Eschers soannen George (92) en Jan (86). Harren heit sleat him meastal op yn syn wurkkeamer, fertelle se. Hy hie it gefoel dat net ien him begriep.
Yn 1959 skreau Escher: 'Diep treurig en katerachtig blijft het feit dat ik tegenwoordig een taal begin te spreken die door slechts zeer weinigen wordt verstaan.' Hy bleau sykjen nei manieren om ûneinichheid wer te jaan op it flak fan in simpel stik tekenpapier.
Wurk fan Escher © Escher

FryslânDOK 'Sykje sûnder ein' fan M.C. Escher (trije ôfleverings)

Sneon 26 febrewaris, 5 maart en 12 maart by NPO2 om 15.30 oere (werhelling sneins 13.10 oere).
Snein 27 febewaris, 6 maart en 13 maart by Omrop Fryslân om 17.00 oere (werhelling alle oeren).
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.