De Fryske Marren: de sânwinningskwestje dy't mar net ophâldt

Yn De Fryske Marren spylje saken lykas de trage beslútfoarming oer ôffal en der is koartlyn in nije partij oprjochte: Kleurrijk Fryske Marren. Wat De Fryske Marren lykwols al jierren dwaande hâldt, is de sânwinning yn it Iselmargebiet.
© Omrop Fryslân
Yn 2011 gie it doetiidske Gaasterlân-Sleat der akkoart mei dat sânwinner Koninklijke Smals op syn minst oant 2030 sân boarje mocht. Dat soe barre op fiif kilometer ôfstân fan Aldemardum, yn in beskerme natuergebiet.

Sânwinning

Dy plannen giene lykwols net troch doe't koälysjepartij FNP, dy't yn earste ynstânsje akkoart gie mei de winning, yn 2019 dochs har betinken utere en by in stimming oer de winning tsjin stimde.
Fedde Bergsma fan Stifting Gaasterlân Natuerlân út Rûgahuzen
Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen ljochtet Omrop Fryslân alle dagen in gemeente út. Wat spilet der yn eltse gemeente en wat falt der op? Sjoch op Omropfryslan.nl/GR22 foar mear nijs oer de ferkiezingen.
Wat folge wie in betrouwensbrek. De twa wethâlders fan de FNP moasten opstappe, nei't koälysjegenoaten CDA en VVD in moasje fan wantrouwen yntsjinne hiene. It wie net foar neat, want foarearst gie der in streek troch de plannen fan Smals. Doe't Koninklijke Smals yn heger berop gie by de Ried fan Steat, oardiele sy dat de ried gelyk hie om tsjin de winning te stimmen.
It beswier tsjin de winning is dat it yn in beskerme natuergebiet plakfynt. De oerheid sels hat dat gebiet ek as in 'reade sône' oanmurken. Dat hâldt yn dat sa'n gebiet net brûkt wurde mei foar sânwinning.

Unwissichheid

No't Smals fêstbiten hat, wol it bedriuw ek net mear loslitte. Yntusken riedt it bedriuw nije plannen ta foar de winning en is it ek al yn petear mei ferskate partners. Yn jannewaris fan dit jier kaam nei bûten dat Rykswettersteat meiwurkje wol oan in ûndersyk nei de miljeu-effekten fan eventuele sânwinning yn de Iselmar.
Foarearst hâldt FNP foet by stik en bliuwt de partij tsjin. Opmerklik is dat CDA en VVD har net útlitte oer de winning yn harren programma's. Dit soarget foar in soad ûnwissichheid by de bewenners.

Offal

Lykas de measte oare gemeenten yn Fryslân, docht De Fryske Marren mei oan de VANG-doelstelling (Van Grondstof Naar Afval). Dit betsjut dat de gemeente de restôffalproduksje fan ien persoan yn it jier werombringe moat nei 30 kilo. It trochsneed lei yn 2020 lykwols noch op 138 kilo.
Om dit nei ûnderen te krijen, wol de gemeente de grize kontener minder faak ophelje. Sa hoopje sy foarinoar te krijen dat minsken harren ôffal better skiede, sadat der minder ôffal yn de grize kontener telâne komt. Yn de gemeente Tytsjerksteradiel hat dit belied yn de earste njoggen moannen nei de ynfiering al laat ta in delgong fan 16 persint fan it restôffal.
© Omrop Fryslân
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders woe yn april al wurkje mei in nije ophelfrekwinsje. Dat fûn de mearderheid fan de ried lykwols te betiid. It woe earst in bewustwurdingskampanje opsette. Yntusken is der noch hieltyd gjin dúdlikheid oer wannear't it kolleezje de nije ophelfrekwinsje ynfiere sil.
It doel fan de VANG-doelstellingen is om de ekonomy sirkulêrder te meitsjen. De minder restôffal der ophelle wurdt, De minder ôffal der ferbaarnd wurdt en de mear grûnstoffen op 'e nij brûkt wurde kinne. Hoewol't de VANG-doelstellingen yn 2015 al lansearre binne, is it dus noch wachtsjen op in effektyf belied út de gemeente wei.

Kleurrijk Fryske Marren

Njonken Forum voor Democratie komt der noch in nije partij by dy't him ferkiesber stelt: Kleurrijk Fryske Marren. Dizze partij is oprjochte troch Geeske Holtrop-Hoekstra, dy't earder yn de ried siet foar it CDA. Nei't sy 40 jier aktyf west hat yn de gemeentepolityk ferliet sy ferline jier har partij, nei't der argewaasje kaam oer rekreaasjewenten op har hiem. Sy gie doe as ienmansfraksje fierder.
Geeske Holtrop-Hoekstra fan Kleurrijk Fryske Marren
It gemeentehûs fan De Fryske Marren op De Jouwer © Omrop Fryslân
No docht se mei as Kleurrijk Fryske Marren. De partij hat in bûnsgenoatskip sletten mei de BoerBurgerBeweging (BBB) fan Caroline van der Plas. Op dy wize is Kleurrijk Fryske Marren de iennige lokale partij yn Fryslân dy't gearwurket mei BBB. Holtrop set foar de kommende ferkiezingen heech yn. Earder joech sy oan foar fiif sitten te gean.

'Tsjinjende gemeente'

De partij wol ôf fan it systeemtinken. "Wy fernimme dat der in soad ûntefredenheid is by boargers. Wy wolle in tsjinjende gemeente wêze, gjin autoritêre", seit listlûker Holtrop.
Sy fynt ek dat de gemeente mear meitinke moat yn oplossingen. "Gemeenten sitte faak bot op de regels". Kleurrijk Fryske Marren wol just fertrouwe yn de mooglikheden dy't er binne, seit Holtrop.
De gemeente soe ek berikberder wêze moatte foar har ynwenners. 'Wy wolle dat der alle wiken in ynrinmooglikheid is, dêr't boargers mei de boargemaster prate kinne."
Benijd nei hokker partij oerien komt mei jo stânpunten? Klik hjir foar de stimwizer.