Sealfuotbalfroulju Libertas en Drachtster Boys ûnderút

De beide Fryske earedivyzjeteams by it frouljussealfuotbal hawwe freedtejûn ferlern. Libertas út Damwâld gie ûnderút tsjin Den Haag, wylst Drachtster Boys gjin partij wie foar Drs. Vijfje.
© Twitter: @DFTda1
By it skoft seach Drachtster Boys al tsjin in 0-2 efterstân oan. De einútslach wie úteinlik twa kear dy marzje: 0-4. De Fryske froulju einigen de wedstriid mei in spylster minder om't Aafke de Hoek der yn de slotfaze mei in reade kaart ôf moast.
Libertas makke der wol in spannende wedstriid fan tsjin Den Haag. Troch twa doelpunten fan Sam Bosma stie der yn de rêst in likense stân op it skoareboerd: 2-2. Yn de twadde helte kaam Libertas troch Silke van der Wal op foarsprong. Twa kear ûnnedich balferlies soarge dêrnei úteinlik dochs noch foar in nederlaach: 4-3.
Libertas bliuwt troch de nederlaach mei sân punten op it ien-nei-lêste plak yn de earedivyzje. Drachster Boys stiet fiifde mei njoggentjin punten.