Reedriders 2 dagen sûnder ark

Wopke de Vegt © ANP
De Nederlânske reedridersploech hat yn de Kazakske stêd Astana twa dagen wachtsje moatten op syn materiaal. De reedriders diene it ôfrûne wykein mei oan wrâldbeker wedstriden yn de Russyske stêd Tsjeljabinsk. Dit wykein moat yn Astana riden wurde. Omdat de twa sjarterfleantugen net alle guod meinimme koene, moast in protte materiaal mei in frachtwein ferfierd wurde. De frachtwein hie tiisdei oankomme moatten, mar dat barde net.